Understeande tekst is ek te lêzen op:
www.hurdegaryp.nl - knop DORPSBELANGEN en dêrnei de knop Extra info lessenaars.
Op 29 novimber 1838 keapje Pieter Jans Wadman en syn frou Antje Ybeles Huizinga in pear stikken grûn wêr't likernôch de hjoeddeiske wegen Ryksstrjitwei, Stasjonswei en Boarg. Drijberwei inoar kruse. Yn 1839 litte hja op dy grûn in mânske herberch fan 14 by 14 meter sette, dêr't yn 1845 in lossteande skuorre byboud wurdt.
Op 28 jannewaris 1858 wurdt de herberch ferkocht oan Halbe Lieuwes Halbesma en Henri baron thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg. Halbesma wie boer op de pleats dêr't no de famylje Wijmenga oan de Ryksstrjitwei 92 wennet. De baron wenne op it hiemstee dêr't no de âlde Rabobank oan de Ryksstrjitwei 40 al jierren leechstiet. De herberch wurdt yn dy tiid beskreaun as: "Eene huizinge en herberg, met stalling en doorreed, schuur en erf, tuinen met koepel en tent." Hein Jelles Sixma sil destiids nei alle gedachten de kastlein west hawwe.
Yn 1867 komt der wer feroaring yn de eigendomssituaasje. Cornelis Halbesma, soan fan de earder neamde Halbe, ferkeapet syn helte oan Pieter Jans de Jong en syn frou. De baron bliuwt eigener fan de oare helte. De nije keaper wurdt "logementhouder". Yn 1870 keapet De Jong de oare helte fan de baron. De Jong ferstjert yn 1893 en op 21 augustus fan dat jier wurde Hendrik Bosma en syn frou út Easterein de nije eigeners. De herberch kriget de namme Hotel Bosma. Bosma komt lykwols al yn 1899 te ferstjerren. It hotel giet dan fierder ûnder de namme Hotel Wed. Bosma. De widdo hat it hotel net lang holden, want koart nei 1900 stie der op 'e gevel: H.N. Fleur v/h Bosma.
Wat der fan 1900 oant 1906 mei it hotel barde is net folle oer bekend. Mar yn 1906 kriget T.P. Klopma in fergunning fan de gemeente om in feranda oan it hotel te bouwen. Om 1915 hinne is Johannes Siderius de baas yn it hotel tegearre mei syn skoansoan Petrus A. Noordenbos. Yn maaie 1921 ferhuzet Siderius nei Ljouwert en wurdt dêr hotelhâlder fan it destiids ferneamde hotel De Groene Weide.
Yn datselde jier wurdt Joost Braam de nije eigener. Hy lit yn grutte letters de namme Hotel Braam v/h Bosma op 'e daksgoate skilderje.
Hoewol't Hotel Braam, neffens ien fan 'e earste advertinsjes yn 'e Ljouwerter Krante al yn 1921 bestie, is it earst op 2 july 1923 yn it hannelsregister ynskreaun en op 7 febrewaris 1958 wer útskreaun.
Braam lit it hotel oan de westkant ferbouwe. Krysttiid 1926 brânt de byboude skuorre finaal ôf. Der waard in nije súdgevel boud en fan in trochreed wie gjin ferlet mear. Op de dakkajút kaam de nije namme Hotel Braam te stean.
Neffens ûndersteande affysje út 1934 waard Hotel Braam doe lykas hjirûnder oanpriizge.
As doarpsjeugd krûpten wy faak ûnder de ôffreding fan de boarterstún troch en makken sa fergees gebrûk fan û.o. de grutte hege glydbaan, de sweef en net te ferjitten de 'ferneamde' keatlingbrêge dy't yn in grutte betonnen bak mei wetter hinge.
Dizze foto is nei alle gedachten begjin fyftiger jierren makke.
Braam waard yn 1946 opfolge troch syn skoansoan Frans Barens. Dy hie de lieding oant 1956. Braam wenne oant 1965 op it selde stee dêr't earder neamde baron Henri oan de Ryksstrjitwei 40 wenne.
It hotel hat yn it begjin fan de fyftiger jierren fan de foarige iuw in skoftlang tsjinne as opfangsintrum foar repatrianten út Nederlâns-Ynje. Hja moasten dat lân op lêst fan Soekarno ferlitte. Sa fear op 27 maart 1951 it 'emigranteskip' M.S. Sibajak út Djakarta wei nei Rotterdam. Dêr kaam it op 21 april 1951 oan. Neffens de passazjierslist wiene der 687 'emigranten' oan board. Dy 'emigranten' waarden yn ferskate hotels en pensjons yn ús lân ûnderbrocht. Sa krigen 4 húshâldingen, besteande út totaal 24 persoanen, tydlik ûnderdak yn Hotel Braam.
Fierder hat it hotel ek lang as in soarte fan mienskipssintrum tsjinne. Yn 'e grutte boppeseal holden notaris Gorter en syn foargongers harren ferkeapingen. De pleatslike ferieningen holden harren gearkomsten dêr ek. Mar de jierlikse útfieringen fan it sjongkoar UDI, it muzykkorps Euphonia, de toanielferiening Tesselschade en de gymnastykferiening HSV waarden dêr ek holden. De doarpsjeugd mocht fergees by de generale repetysjes wêze. De efterseal, dy't oan 'e eardere boarterstún grinze, tsjinne as gymnastykseal. In soad Hurdegaripers hawwe dêr oefene ûnder lieding fan mynhear Van der Werf út Ljouwert.
Yn 1957 wurdt it hotel ferkocht oan Adrianus van der Valk út Voorschoten. Hy lit it ferbouwe en alle bûtenmuorren wurde wyt stúkt. It hotel krige doe de namme Hotel Hardegarijp. Yn 1964 giet it hotel oer nei de N.V. Van der Valk. De lêste útwreiding hat yn de tachtiger jierren fan de foarige iuw west. Doe is der in gebou mei in tal hotelkeamers byboud. It Van der Valk-konsern is oant hjoed-de-dei ta noch altyd eigener fan it hotel.
De boppeseal fan it hotel waard begjin sechstiger jierren sluten. Dêrtroch wie der, foar't De Schalmei op 19 juny 1968 iepene waard, hielendal gjin sealakkommodaasje mear yn Hurdegaryp. Der waard doe útwykt nei de seal fan De Fjouwersprong yn Gytsjerk. By de earder neamde útfieringen fan de ferskate ferieningen ried der dan in spesjale bus fan Hurdegaryp nei Gytsjerk.
It hotel is yn syn lange besteansskiednis faak ferboud wurden. Deromhinne is ek in soad feroare. Yn ferliking mei de foto hielendal boppe-oan dit ferhaal hat alles in wiere metamorfoaze ûndergien. Us heit wie ferver. Begjin sechstiger jierren dy er yn syn frije tiid gauris in putsje yn it hotel. Dat stie doe ûnder lieding fan 'e famylje Wohrmann. Yn dy tiid hat er nei alle gedachten ek de Fryske siswizen, dy't oan de linkerkant yn it restaurant op 'e plafondbalken skildere binne, bywurke. Dy binne yn 2007 op 'e nij troch de famylje Ponticorvo tusken twa plafonds ûntdutsen en fan dy tiid ôf wer te besjen troch de hotelgasten.
© HJvB 06-2021
Rieplachte boarnen: Hurdegaryp Eartiids (auteurs Henk Holsbrink en Pieter Nieuwland) en ferskate oare media. Foto's fan it âlde hotel komme út de kolleksje fan Ids Westra. Tekst plafondbalken: eigen foto. Harry J. van Borkulo