Understeande tekst is ek te lêzen op:
www.hurdegaryp.nl - knop DORPSBELANGEN en dêrnei de knop Extra info lessenaars.

Foto: Harry J. van Borkulo

It hûs wurdt yn 1913 set troch Boate de Jong út Oentsjerk yn opdracht fan de N.V. Friesche Maatschappij van Vlasindustrie, dy't yn 1898 in flaaksfabyk iepene hie yn Mûnein. Direkteur J.J. Westra en syn húshâlding waarden de earste bewenners fan it hûs. Westra wennet der fan 1913 oant syn ferstjerren yn 1955. Syn rjochterhân, ûnderdirekteur F. Wols, wennet der mei syn húshâlding fan 1946 ôf oant july 1957 ek yn.

It hûs wurdt yn 'e folksmûle ek wol It lyts kastieltsje neamd. It is o sa útwrydsk boud yn in styl besibbe oan de Jugendstil. Westra syn broer Bertus master-skilder út Stiens fervet it en is der hast oardel jier mei teset.

De doarren besteane út smelle panielen mei rôzich glês derboppe. Fierder brune ferve op 'e doarren mei dekorearre goudkrollen om 'e doarren hinne. It útskolpe byldhouwurk fan hout jout in rêstich oansjoch en der binne wol 4 of 5 kleuren op 'e doarren en plafonds skildere. Yn 'e hoeken fan 'e plafonds sjocht men noch druvetrossen (neimakke entoeraazje) en de gong is ek ien en al pracht en preal mei sierlike krollen op doarren, muorren en plafonds. Yn 1920 is der in sêre oanboud mei skodoarren nei de tún ta.

Ta it bestriden fan de wurkleazens stichtet de frijfeint baron Theodorus Marius Theresius van Welderen baron Rengers 1), fierder te neamen baron Rengers, yn 1898 in flaaksfabryk op 'e Mûnein. Baron Rengers bliuw frijfeint en wennet op Heemstra State ûnder Oentsjerk. Hy libbet fan 1867 oant 1945.

Baron Rengers lêst it yn 1893 ferskynde rapport fan de Kollumer notaris Andreae oer it tige tebekrinnen fan de flaaksyndustry yn de ôfrûne fyftjin jier. Yn 1887 wurdt 95% fan de flaaksproduksje fan ús lân foar fierdere bewurking útfierd nei België. De 5% dy't oerbliuwt wurdt brûkt yn it ramt fan wurkferskaffing. It wurk is net goed foar de sûnens fan de arbeiders en betellet in bytsje.

Nei in yngeande stúdzje oer de flaaksbou en alles wat mei de fierdere ferwurking fan it gewaaks gearhinget, lit baron Rengers him persoanlik foarljochtsje yn België. Hy giet mei J.J. Westra nei in flaaksfabryk yn Neerpelt.

Mei in begjinkapitaal fan 100.000 gûne, útjûn yn oandielen fa 250 gûne, wurdt úteinset. De N.V. Friesche Maatschappij van Vlasindustrie wurdt oprjochte en set op 24 novimber 1898 útein mei it flaaksfabryk op 'e Mûnein. Sa wurdt tagelyk de wurkleazens bestriden. Oan de wurkomstannichheden foar de arbeiders is ek tige goed omtinken jûn. J.J. Westra wurdt direkteur.

Oant 1907 ta giet it op en ôf en kostet it baron Rengers hânfollen jild. Hy wol it fabryk lykwols net slute litte om't er syn ferplichtingen foar personiel en oandielhâlders oer neikomme wol. Sûnt dy tiid giet it lykwols better en wurdt der yn 1911 by it Swartkrús ûnder Burgerheide (no Noardburgum) in twadde fabryk boud. In soad wurkleazen út dy omkriten fine hjir oanslach. Yn de fyftiger jierren wurkje dêr noch likernôch 60 minsken mar dit fabryk wurdt yn 1956 sletten. It fabryksterrein oan de Kûkhernster Feart wurdt tsjintwurdich foar in part brûkt as jachthaven en as helling foar plezierjachten.

Doe't de tiden minder waarden, krige Westra de helte fan it oandielepakket mei it betingst dat er it fabryk geande hâlde moast. Yn 1942 siket Westra in opfolger en dat wurdt de hear Frits Wols út Rotterdam. Wols wurdt goedkard troch baron Rengers en hy wurdt de rjochterhân (ûnderdirekteur) fan Westra.

Westra is in man fan oansjen, mar elkenien wit dat er wat oerhinget nei de Dútsers. Hy hat lykwols in soad op mei syn Mûneinsters en Noardburgumers. Westra wurdt troch de Nederlanners beskuldige dat er Dútsgesind wie (NSB'er) en komt yn in strafkamp. Dêr sit er oardel jier en kriget in boete. Yn 'e Twadde Wrâldoarloch moatte húshâldingen ynkertierd wurde, sa barde dat ek oan de Ryksstrjitwei 22. Yn earste ynstânsje twa húshâldingen dochs letter mar ien.

As baron Rengers yn 1945 ferstjert kriget Westra de rest fan de oandielen. Wols trout yn 1945 en lûkt by de famylje Westra yn. Westra ferstjert yn 1955.

Mei de flaaksyndustry gie it net al te bêst mear. De Russen makken de yndustry stikken. Flaaks fan 13 en in heale gûne de kilo sakke doe nei 50 sinten de kilo. Men koe de holle net mear boppe wetter hâlde en it flaaksfabryk fan 'e Mûnein en it hûs yn Hurdegaryp moasten ferkocht wurde.

Wols, dy't nei it ferstjerren fan Westra yn it hûs wenjen bliuwe kin, moat ek al rillegau om oar plak sjen en set him nei wenjen yn Rotterdam. Yn mefrou Wols har famylje bestiet in farmaseutysk bedriuwke yn Uden. Wols makket der in bloeiend bedriuw fan en hat sa'n 60 man personiel yn it wurk. Yn it bedriuw wurde ynfúsys, ynjeksjenuddels ensfh. makke. Al mei al hat de famylje Wols 12 jier oan de Ryksstrjitwei 22 wenne.

Troch de minne flaakspriis wurdt it fabryk yn 1957 sletten. Mar yn 1958 wurdt it dochs wer iepene nei it oernimmen troch de bruorren E. en P. Huisman dy't in flaaksbedriuw yn 's Gravendeel hawwe. E. Huisman wurdt direkteur en set him nei wenjen oan de Ryksstrjitwei 21 yn Hurdegaryp. Troch de konkurrinsje fan goedkeap Russysk flaaks slút it fabryk op 24 april 1967 dochs foargoed en wurdt it ferkocht oan Export Slagerij G.S. Dijkstra yn Moarmwâld dy't der in barge- en keallemesterij yn begjinne wol.

Yn 1989 wurdt in part fan de eardere fabryksgebouwen ta wenromte ferboud. Dêr is by besocht de orizjinele boustyl safolle mooglik te behâlden. De fabryksskoarstien stiet noch proastich oerein en is noch altyd fan fierrens te sjen. Sûnt 2009 is yn dit unike stee in Thomashûs fêstige. Yn de eardere fabrykshal binne njoggen royale sit/sliepkeamers makke dy't de kliïnten nei eigen ynsjoch ynrjochtsje kinne.

Gebou flaaksfabryk 1994 - foto webstee www.erfgoedtrynwâlden.nl

Op 4 jannewaris 1957 wurdt it hûs oan de Ryksstrjitwei 22 foar 27.500 gûne ferkocht oan de famylje Moojen. Henricus Moojen is fertsjintwurdiger fan Vermeulen Boumaterialen yn Ljouwert. Dizze húshâlding, man, frou en fiif bern, hat spitigernôch hiel wat foar de oarspronklike steat fan it hûs yn negative sin feroare.

Yn 1985 is it hûs oankocht troch de famylje Abe en Froukje Hijma. Wêr't hjoed-de-dei de keuken sit, wie eartiids in kantoar mei der tuskenyn skodoarren. Op it kantoar wie in famke foar de administraasje. Letter wurdt yn it hok in kantoar makke. In skoftke lyn hat Abe dêr it húske noch úthelle. De sliepkeamer neist it hok is der doedestiids ek byboud om't it hûs te lyts wurdt fanwegen it tal bern en de tsjinstfammen.

De Hijma's hawwe de lêste jierren in soad wurk ferset om, mei 'âlde boumaterialen', it hûs wer safolle mooglik yn syn oarspronklike steat werom te bringen.


1 ) Baron Rengers sette him net allinne yn foar de Trynwâlden mar foar de hiele provinsje op ûnder mear it mêd fan de agraryske yndustriële ûntjouwing. Benammen de suvel- en flaaksyndustry hiene syn grutte belangstelling.

Oan de ein fan de njoggentjinde iuw wiene der nochal wat partikuliere bûterfabrykjes. It bûtermeitsjen gie dêr lang net altyd sa as it hearde. De kwaliteit hie der by tiden wol oan en dêrtroch koe Fryslân de konkurrinsje mei bygelyks de Deenske bûter lang net mear oan. Foar baron Rengers in argumint om, in guon gefallen persoanlik, de boeren sa fier te krijen om yn koöperatyf ferbân in bûterfabryk te bouwen.

Syn krewearjen waard beleanne. Yn 1896 kin de Coöperatieve Stoomzuivelfabriek Trynwâlden en Omstreken te Gytsjerk mei de produksje út ein sette. De fabryksgebouwen en de karakteristike fabrykshuzen steane der noch al, mar it fabryk sels is troch de sanearring yn de suvelyndustry al moai wat jierren lyn sluten. Ferskate (lytse) ûndernimmers hawwe der no harren bedriuw(ke) yn.

Nei't er yn 1904 it Landbouwhuis te Ljouwert mei oprjochte hie, wurdt yn 1913 te Ljouwert de Coöperatieve Condensfabriek Friesland 2 ) stichte. By de oprjochting binne der 42 fabriken by oansluten. Baron Rengers hat him ek tige foar it ta stân kommen fan dizze koöperaasje ynset. As wurdearring wurdt er ta foarsitter beneamd. De " CCF " bestiet as selsstannich bedriuw ek al net mear. Nei in tal fúzjes is dizze koöperaasje yn 2008 opgien yn it hjoeddeistige FrieslandCampina .

De stichting fan de Coöperatieve Voorschot en Spaarbank te Oentsjerk en de oprjochting fan de Friese Coöperatieve Exportslachterij te Akkrum, binne foar it grutste part ek wurk mei fan baron Rengers. Hy wie ek anneks mei de ruilferkaveling, benammen op It Amelân. Dêrtroch is der yn Ballum ek grif de Baron Rengersweg ûntstien.

2) FrieslandCampina
Ein desimber 2008 ûntstiet FrieslanCampina út twa grutte Nederlânske koöperaasjes: Friesland Foods en Campina. Twa suvelûndernimmingen mei in te ferlykjen ûntsteansskiednis.

1871
De skiednis begjint yn 1871, as boeren de krêften bondelje en pleatslike suvelfabriken stichtsje. Se dogge dat om harren merkposysje te fersterkjen en om de ôfset fan harren molke feilich te stellen, want sûnder moderne kuollingstechniken moatte de boeren gearwurkje om de molke út te suteljen foar't dy bedjert.

In tal buorkerijen fan de 19de iuw is noch altyd ferbûn oan FrieslandCampina. En krektlyk as harren foarfaars fiele de boeren harren ek no noch nau ferbûn mei de regio en steane hja mids de maatskippij. Troch de jierren hinne hawwe de boeren yn 'e mande mei de meiwurkers fan FrieslandCampina in wrâldomfiemjend suvelbedriuw opboud.

De woartels
FrieslandCampina hat in lange skiednis, dy't begjint yn 1871. Sukses dat streekrjocht ûntstien is út in bedriuwskultuer dy't karakterisearre wurdt troch gearwurking, belutsenens en enerzjy. FrieslandCampina is in ynternasjonaal bedriuw. Net allinnich aktyf yn Europa, mar ek yn in soad lannen dêrbûten is de ûndernimming fêst bewoartele yn de maatskippij.

Friesland en Campina
De namme Friesland en Campina wjerspegelet in ryk ferline. Fryslân is ferneamd om syn griene greiden, de blauwe loften, de marren en fansels syn Frysk stamboekfee.

Campina
Is de namme dy't de Romeinen likernôch 2000 jier lyn jûn hawwe oan 'e bosken, fjilden en greiden fan de Súd-Nederlândske Kempen.

Regionale koöperaasjes yn de 20ste iuw
Yn 'e rin fan de 20ste iuw geane pleatslike koöperaasjes op yn regionale, dy't wer ûnderdiel wurde fan lanlike koöperaasjes. Fúzjes folgje inoar soms yn in heech tempo op.

  • DOMO yn haadsaak Grinslân en Drinte.
  • Coberco yn Gelderlân en Oerisel.
  • Yn it Westen fusearje ferskate lytse koöperaasjes yn 1979 ta Melkunie Holland dat ek in pear partikuliere suvelûndernimmingen oernimt.
  • Yn itselde jier wurdt yn it suden fan it lân DMV Campina oprjochte.
  • DMV Campina en Melkunie Holland fusearje yn 1989 ta Campina Melkunie .
  • Yn 1997 gean fjouwer grutte koöperaasjes yn it noarden en easten fan Nederlân mei-inoar fierder as Friesland Coberco , it lettere Friesland Foods.
  • Yn 2001 fusearret Campina mei twa bûtenlânske koöperaasjes: Milchwerke Köln/Wuppertal yn Dútslân en De Verbroedereing út de omkriten fan Antwerpen.
  • Yn desimber 2007 kundigen Friesland Foods en Campina fúzjeplannen oan.
  • In jier letter, yn desimber 2008, krije beide partijen tastimming fan de Euro- peeske mededingsautoriteiten foar de foarming fan FrieslandCampina.

© HJvB 06-2021

Hurdegaryp

Er zijn in Hurdegaryp veel instellingen en verenigingen die zich op de een of andere manier inzetten om het wonen in Hurdegaryp aantrekkelijk te maken. U kunt hierbij denken aan de sportverenigingen, de oud-papier-inzamelcommissie, het dorpshuis "it Maskelyn", enz. Tot de verenigingen die zich in willen zetten voor het dorp, behoort ook de Vereniging voor Dorpsbelangen. Al meer dan 100 jaar heeft de Vereniging maar één doelstelling, namelijk het bevorderen van de leefbaarheid in Hurdegaryp.