Hurdegaryp-Frysk

Hurdegaryp
hat net altyd op it plak lein dêr't it hjoeddedei leit. Neffens de Ensyklopedy fan Fryslân soe de namme Hurdegaryp betsjutte kinne: hurde stripe (gea) op smelle lântonge, yn it Latyn: ripa en yn it Frânsk: rive. Dy stripe lei oan de Simmerdyk súdlik fan it hjoeddeiske doarp. De Simmerdyk wie in part fan de ferbiningswei tusken Ljouwert en Grins. Dêr wêr't no it iisbaankom-pleks "It Koopmansboskje" situearre is, stie eartiids de trettjinde-ieuske - út âldfriezen oplutsen - tsjerke mei sealtektoer. De stjitnamme Preesterlânswei is noch it iennichste oantinken oan it tsjerkelân út dy tiid.
Yn de rin fan de santjinde en achttjinde ieu ferpleatste de buorren him nei it noarden en yn 1711 waard út ein set mei de bou fan de hjoeddeiske tsjerke oan de Ryksstrjitwei. It stikmannich grêfsarken út de âlde tsjerke binne by in de tagongs-rûmte fan de nije tsjerk binnenmuorre mitsele.De befolking fan Hurdegaryp moast foar it grutste part troch in boerebestean troch de tiid komme. De foarútgong fan it doarp hat lykwols foar it grutste part te krijen hân mei de leechfeanterij deromhinne. De namme "Burgerfeansterfeart docht noch oan de tiid fan de feanterij tinken. Yn de "Wandelingen van mijnen oud-oom den opzigter" - yn 1841 troch M. de Haan-Hettema útjûn by W. Eekhof yn Ljouwert - wurdt Hurdegaryp beskreaun as: "In frij lange streek huzen mei de tsjerke yn de midden" en rinnende oer "It Slachtepaad" konstatearret de skriuwer: "Dit smelle fuotpaad - oan wjerskanten skaat troch in sleat fan de mei puollen en feansompen trochsniene reidfjilden - wie it besjen net wurdich." Yn 1830 waard de Swartewei - dy't fan 1528 oant 1531 oanlein wie - trochlutsen as rykswei nei Grins. Dy "Grinzer Strjitwei" - ek wol "Grutte Strjitwei" neamd - hat Hurdegaryp makke wat it no is, likegoed yn negative as positive sin.
 
Vertaling frysk H. van Borkulo