Auke Boonemmer

 

De ferjitten dichter fân Hurdegaryp, Auke Boonemmer


IT BOASK OAN 'E DYK

Der roun is in famke mei linten en bân,
In koer yn de earn en in koerke yn 'e hân;
Det famke der kaem 'e Kollumersweach,
Sa proastich en tsjep as min selden ien seach.

Hja keam by de huzen en draeide oan 'e doar
En róp dér fen ,folk"en fen ,keapje ien en oar!"
Hja wier den sa frieunlijk en lake sa blier,
Sa blier om to stellen, ja siker, 't is wier.

Den roun se wer foart en den sei se goendei;
't Bûnt jakje det skodde en it hier floddre nei,
En blafte 'r in hountsje, det flaeide se sa,
As woe se sa wier der in patsje fen ha.

Krek roun der in feintsje dy faem efternei
Mei 'n reapbosk en skrobbers, dêr sjutele 'r mei;
Det feintsje det kaem fen 'e Sweach-westerein,
In eabel tsjep feintsjen op fjouwren bislein.

Dy sei tsjin it famke: ,,ho rinste sa hird?"
Hja lake en hja sei: ,,Om 't is letter al wirdt."
Do wonk hjar it feintsjen en sei: ,,bliuw hwet stean!
In famke, sa lieaf, wol ik graech yet mei gean."

De skrobbers dy kreaken, it reap sei fen pyp,
't Bûnt jakje det floddre troch Hirdegaryp,
De strietwei s'in slok ha, hein's'elkoarren sein.

Do gyng it al fierder op Ljouwert mar ta,
Hy 't reap op 'e holle en it koerke droech hja;
Mar ticht by de Brêge waer 't famke sa kjel,
Sa smiet dy jongkearel de reapbosk dêr del.

Hy pakte hjar om en gyng sitten op 't strie
Mei 't famke, krekt as 't op in kanapé wie;
Hja frijden det 't klapte; det klonk oer de Wiel
En sjean koe gjin ien it, dêr wier ek gjin siel.

It reap waerd forkoft en de dei gyng oan d'ein;
Min ken it wol riede, as is 't yet net sein:
Dy beiden dy friss'len fen lint en fen strie
In houliksbân, krekt as 't in goudene wie.

Auke Boonemmer 1888

1823-1894, Hy waard berne yn Grou,syn anker hie er sûnt 1848 yn Hurdegaryp by in widdo.Freon fan Tsjibbe Gearts van der Meulen, sa krige Auke Boonemmer syn grêf yn Ryptsjerk.Auke waard ferver en soe altyd it idee hâlde dat er eins mear betsjutte as in sljochtwei ambachtsman.

By Joomla 1.6 Templates and Simple WP Themes