Understeande tekst is ek te lêzen op:
www.hurdegaryp.nl - knop DORPSBELANGEN en dêrnei de knop Extra info lessenaars.

foto: Harry J. van Borkulo

Skiednis fan it terrein
Hurdegaryp is nei alle gedachten al yn de 13de iuw of earder ûntstien. Neffens de Encyclopedie van Fryslân soe de namme betsjutte: it hurde part op in smelle stripe lân. It Fryske wurd foar 'streek' is nammentlik gea, in smelle lânstripe is yn it Latyn in ripa, of yn it Frânsk in rive.

It doarp hat lykwols net altiten lein dêr't it no leit. Al sûnt de 11de en 12de iuw ferhuzen de minsken fan de legere nei de hegere gebieten yn Fryslân. Sa ek yn Hurdegaryp. Earst fan de Warren yn it súdeasten en dêrnei yn de 14de iuw nei de Simmerdyk.

Dêr wêr't no de yn 1974 oanleine iisbaan leit, stie doedestiids de eardere út kleastermoppen oplutsen doarpstsjerke mei in sealtek. Yn it âldst bekende stik oer Hurdegaryp wurdt hear Benna yn 1401 neamd as doarpspastoar. Hy wennet yn it preestershûs noardlik fan 'e tsjerke. De tsjerke wurdt yn 1580 en 1676 restaurearre. Mar troch fersakjen rekket er yn it ferfal en kin net mear as sadanich brûkt wurde.

foto: Harry J. van Borkulo

De fjouwer hjirboppe op de foto ôfbylde balstiennen, dy't op it linker eilantsje lizze, jouwe oan wêr't de tsjerke nei alle gedachten stien hat. De namme Preesterlânswei is noch it iennige dat tinken docht oan de tsjerkelannen út dy tiid.

It doarp skoot fierder op it noarden yn. Dêr leit it gebiet nammentlik likernôch in meter heger as de omjouwing op in ûndergrûn fan sân dy't yn tsjinstelling ta in feanboaiem net ynklinkt. Yn 1600 is der al sprake fan in buorrentsje. Yn 1711 wurdt dêr ek de hjoeddeiske tsjerke boud. By de bou fan de tsjerke (Ryksstrjitwei 54) binne in tal grêfstiennen út de âlde tsjerke wei mei oergien. It giet om it grêfmonumint fan it troude pear Wolphaert en Ida fan Lezaen. Dat leit yn it liturgysk sintrum en is oan alle kanten fersierd mei famyljewapens. Spitigernôch is de stien yn de Frânske oerhearsking slim teheistere. Alle byltenissen fan de famyljewapens binne der mei beitels ôfslein. De grutte monumintale grêfstien fan de frijfeint sûnder bern en pakesizzer fan Wolphaert en Ida, jonker Watze (Valerius) van Roorda, is yn it foarportaal fan de hjoeddeiske tsjerke pleatst. Dizze Watze wie nei it ferstjerren fan syn heit en mem eigener en bewenner fan it Galeslot. Yn dy tiid mooglik Roorda State neamd. Watze lit ek de famyljebank yn de âlde tsjerke sette. Sa keapet er syn fêste plak yn de tsjerke. Dizze hearebank, mei in oerkaping mei famyljewapen, is yn 1668 makke en wurdt yn 1711 ek yn de hjoeddeiske tsjerke pleatst.

Mr. Horatius Albarda, notaris te Ljouwert, hat oan de ein fan de 19de iuw in stik lân yn it gebiet De Warren ûnder Hurdegaryp. Syn 6 bern binne elk ek foar 1/12 part eigener. Yn 1880 lit er op in part dêrfan in pleats sette (no Simmerdyk 36).

Nei it ferstjerren fan de notaris folget yn 1905 in skieding yn it besit. Soan Ferdinand Marius Albarda wurdt de nije eigener fan de pleats en lannen. Hy is earst boargemaster yn Ten Boer en letter yn Súdlaren.

Ferdinand lit it boerebedriuw yn 1912 gâns grutter wurde. It giet om in útwreiding mei in bûthús en stâlen foar hynders en bargen. It bekende riedslid en hynstefokker Kornelis Geerts van der Veen is yn dy tiid de hierder/bewenner en hy freget út namme fan Albarda de boufergunning oan. De oanfraach jout oan: "buithuizen vertimmeren." Boumaster is B.J. Gros fan Ljouwert.

Mr. Albarda, hat oan de ein fan de 19de iuw ek grûn yn de omkriten fan Hurdegaryp tusken de Simmerdyk en de Burgumerfeanster Feart. It giet om in stik miedlân fan goed 5 bunder. Yn 1894 wurdt dat opdield yn twa nije stikken healân. Om de perselen droech te hâlden wurdt in wettermûne boud. Nei it ferstjerren fan de notaris wurdt Ferdinand hjir ek eigener fan.

Neffens it "Huurcontract", tekene yn novimber 1921 op it kantoar fan notaris Nanne Ottema te Ljouwert, wurde de "Sate en landen aan den Zomerweg onder Hardegarijp" (no nûmer 36) foar it tiidrek 1922-1927 ferhierd oan Jitze Kornelis van der Veen soan fan Kornelis Geerts. De hierpriis is 5890 gûne yn 't jier. Albarda is dan al út it wurk en wennet yn Soesterberch.

Nei 1927 hiert Jitze de pleats en lannen op 'e nij. Nei in rûzje wurdt Jitze (38) op sneintejûn 31 augustus 1930 op syn eigen hiem mei in mes deastutsen troch de 30 jierrige strjitfluorder Gosse Douma út Hurdegaryp. Hy wurdt dêr troch de rjochtbank yn Ljouwert fanwegen deaslach foar feroardiele ta 15 jier finzenisstraf.

Om ende by 1934 ferkeapet Albarda de sate en it lân oan Koopmans Meelfabrieken N.V. te Ljouwert. De widdo fan Jitze van der Veen, Dieuwke Pieters van der Veen-Nieuwenhuis, hiert dan foar it tiidrek 1935-1936 "De Sate en landen aan den Zomerweg onder Hardegarijp" fan Koopmans. Yn in letter stadium wurdt hja eigener fan de pleats en in part fan it lân.

De agraryske bestimming miedlân tusken de Simmerdyk en de Burgumerfeanster Feart wurdt gjin sukses. It is blykber oan de wiete kant, want yn 1945 wurdt in part yn opdracht fan it fabryk drûchlein. Dêrnei wurdt de bestimming greide. Stadichoan groeit it foar it grutste part ticht mei kaphout. Dan kriget it perseel ek de oantsjutting "greide, bosk", mei in oerflakte fan goed 3½ bunder. It stik wurdt sûnt dy tiid it Koopmansboskje neamd. Dy namme ferwiist nei de eardere eigener. In lytser part fan it perseel bliuwt greide. Dit wurdt oantsjut as "groen land".

Oan it begjin fan de jierren sechstich wol de gemeente in suveringsynstallaasje foar Hurdegaryp realisearje. Hjir is in part fan it perseel kaphout foar nedich. Om ek it oare part fan it boskje te behâlden wol de gemeente it hiele stik keapje. Der wurdt in ruil oerienkommen mei Koopmans. De gemeente kriget it perseel bosk yn eigendom en Koopmans in stik lân ûnder Noardburgum.

In suveringsynstallaasje komt der net. Oan it begjin fan de jierren santich kriget it boskje in mear rekreative bestimming. Gemeentewurken ûntwikkelet in plan foar it oanlizzen fan in iisbaan mei ferljochting yn en om it Koopmansboskje hinne.

De âlde iisbaan, dy't njonken en efter Café Spoorzicht op twa stikken lân leit, mei de nammen Lytse en Grutte Bolle, moat yn 1972 wike foar de útfiering fan de nijbouwyk Rietlandsvaart. De hjoeddeiske strjitnamme De Bolle ferwiist dêrnei.

It Koopmansboskje wurdt yn 1974 omfoarme ta in iisbaan en wetterpark mei twa troch brêgen ferbûne eilantsjes en mei kuierpaden deromhinne. De lingte oan de súdkant fan de wetterpartij wurdt sa ynrjochte dat der in offisjele koartebaan wedstriid op organisearre wurde kin. De noardkant, de kant fan de besteande sportfjilden, wurdt foarme troch in part fan de Burgumerfeanster Feart te brûken.

1978 - skoalkampioenskippen jeugd Hurdegaryp; foto: Harry J. van Borkulo

Simmerdyk 36

foto: Harry J. van Borkulo

Mr. Horatius Albarda, notaris te Ljouwert, is yn it lêste fjirdepart fan de 19de iuw eigener fan in stik lân yn it gebiet De Warren ûnder Hurdegaryp. Syn 6 bern binne elk ek foar 1/12 part eigener.

Yn 1880 lit er op dat eigendom in pleats sette (no Simmerdyk 36). Nei it ferstjerren fan de notaris, folget yn 1905 in skieding yn it besit. Syn soan Ferdinand Marius Albarda wurdt de nije eigener fan de pleats en lannen. Hy is earst boargemaster yn Ten Boer en letter yn Súdlaren. As er út it wurk is, wennet er yn Soesterberch.

Ferdinand lit it boerebedriuw yn 1912 gâns grutter wurde. It giet om in útwreiding mei in bûthús en in stâlen foar hynders en bargen. It bekende riedslid en hynstefokker Kornelis Geerts van der Veen is yn dy tiid de hierder/bewenner en hy freget út namme fan Albarda de boufergunning oan. De oanfraach jout oan: "buithuizen vertimmeren." Boumaster is B.J. Gros fan Ljouwert.

Fan 1 juny 1915 ôf pachtet de soan fan Kees Geerts van der Veen (1855-1936) en Jacobje Jitses van der Heide (1857-1923) de pleats en lannen fan Albarda. Dizze Jitze Kornelis van der Veen (1891-1930), is troud mei Dieuwke Pieters Nieuwenhuis (1894-1953). Hja hawwe 2 bern, Taetsche (1916-2003) en Jacoba (1923-2016).

Jitze is feehâlder en in ferneamd hynstefokker en eigener-behearder fan de hurddraversstâl Van der Veen. Dêrneist is er lid fan de hurddraverijkommisje te Hurdegaryp en lid fan it bestjoer fan de "Harddraverijen en Renvereeniging Bergum en omstreken te Hardegarijp".

Yn 1930 slacht it needlot ta. Op sneintejûn 31 augustus 1930 wurdt Jitze, thúskommen fan in hurddraverij yn Scheemda, op 38 jierrige leeftyd op syn eigen hiem mei in mes deastutsen troch Gosse Douma, in 30 jierrige strjitfluorder út Hurdegaryp. Dy wurdt troch de rjochtbank yn Ljouwert fanwegen deaslach feroardiele ta 15 jier finzenisstraf.

It jier dêrnei brânt de pleats troch heabroei oant de grûn ta ôf.

Yn 1931 freget Ferdinand Albarda de gemeente om de pleats wer op te bouwen. Op 24 augustus ferlient de gemeente boufergunning en kin men begjinne mei de bou fan de hjoeddeiske pleats. Boumaster is J.H. Gros fan Ljouwert.

Om ende by 1934 ferkeapet Albarda de sate en lannen oan Koopmans Meelfabrieken N.V. te Ljouwert. De widdo Dieuwke Pieters van der Veen-Nieuwenhuis hiert de sate en lannen dêrnei foar it tiidrek 1935-1936 fan Koopmans. Yn in letter stadium wurdt hja eigener fan de pleats en in part fan it lân.

Haadbewenners fan de pleats fan 1914 ôf oant de brân yn 1931

oant maaie 1915   Kornelis Geerts van der Veen
1915 - 1930   Jitze Kornelis van der Veen
1930 - 1931   widdo Dieuwke Pieters van der Veen-Nieuwenhuis


Haadbewenners nij boude en hjoeddeiske pleats

1931 - 1953   widdo Dieuwke Pieters van der Veen-Nieuwenhuis
1953 - 1978   Douwe de Vries, feint sûnt 17-06-1945 en troud mei de earder neamde dochter Jacoba (Jap) van der Veen
1978 - 1986   Jitze de Vries
1986 - 1995   Lolle Postma
1995 - oant no   Djurre Thomas Postma

© HJvB 06-2021

Hurdegaryp

Er zijn in Hurdegaryp veel instellingen en verenigingen die zich op de een of andere manier inzetten om het wonen in Hurdegaryp aantrekkelijk te maken. U kunt hierbij denken aan de sportverenigingen, de oud-papier-inzamelcommissie, het dorpshuis "it Maskelyn", enz. Tot de verenigingen die zich in willen zetten voor het dorp, behoort ook de Vereniging voor Dorpsbelangen. Al meer dan 100 jaar heeft de Vereniging maar één doelstelling, namelijk het bevorderen van de leefbaarheid in Hurdegaryp.