Van Weerden Poelmanstraat 2d - Iepenbiere legere skoalle

Understeande tekst is ek te lêzen op:
www.hurdegaryp.nl - knop DORPSBELANGEN en dêrnei de knop Extra info lessenaars.

Foto: kolleksje Ids Westra

Yn 1835 wurdt begûn mei de bou fan de nije skoalle mei in predikantekeamer ornearre foar de Nederdútske Herfoarme Tsjerke fan Hurdegaryp. De skoalle kriget 21 banken en lesseners. Oannimmer Sytse Alberts van der Werf, timmerman te Feanwâldsterwâl, bout de skoalle foar ƒ 1.200.

Yn 1868 wurdt de skoalle foar likernôch ƒ 2.800 fernijd en fergrutte troch de pleatslike timmerman Berend de Leeuw. It giet yn haadsaak om in fergrutting fan it gebou yn súdlike rjochting.

Yn augustus 1869 folget foar it grutste part de ôfbraak en dêrnei de werbou fan de byhearrende ûnderwizerswenning. De werbou, oan de Ryksstrjitwei, wurdt yn 1870-1871 foar ƒ 1.099 útfierd troch oannimmer H.E. Veenstra. De wenning stiet links op de foargrûn fan boppesteande foto.

De gemeente Tytsjerksteradiel kriget de skoalle om ende by 1873 yn erfpacht fan de Nederlânsk Herfoarme Tsjerke fan Hurdegaryp. Dit om it iepenbier ûnderwiis te stimulearjen. Yn 1884 folget ferbou en it fergrutsjen fan de skoalle. De besteande east muorre wurdt ôfbrutsen en it gebou wurdt foarsjoen fan twa foarportalen. Oannimmer is Roelof de Jong fan Oentsjerk. Kosten ƒ 2.297.

Dêrnei wurdt yn stee fan de tsjerke, de gemeente Tytsjerksteradiel eigener fan de skoalle en ûnderwizerswenning. Op 15 jannewaris 1921 telt de skoalle noch 101 learlingen mar yn 1922 wurdt er sletten troch de iepening fan de nije, dy't likernôch ƒ 40.000 koste hat.

Skoalle boujier 1922 - foto kolleksje Ids Westra

De skoalle út 1922 wurdt op 9 maaie 1966 ferfongen troch de iepening fan wer in nije skoalle. Oan de Bodaanstrjitte wurdt De Winninghe yn gebrûk nommen. In fiifklassige legere skoalle. De skoalle hat noch mar in pear learlingen te min foar in sechsde learkrêft. As dy komt, sil de skoalle útwreide wurde moatte mei in sechsde lokaal. De skoalle hie dit lokaal graach daliks hawwe wollen. It soe ek folle goedkeaper west hawwe. Yn 1968 wurdt de skoalle dochs noch mei in lokaal útwreide.

Yn 1976 wurdt der in twadde iepenbiere basis- anneks beukerskoalle oan de Fûgelweide iepene. Dy kriget de namme De Fûgelflecht. Dy beide skoallen wurde lykwols ein 2010 al ôfbrutsen om't it basisûnderwiis tenei jûn wurdt yn kindcentrum It Boulân. Op it plak fan de skoallen steane no iengesinswenten.

Juf Jantje Bosgra en master Gerrit Zijlstra*) binne wol oanwêzich by de iepening fan De Winninghe mar hja sille gjin les mear yn it skoalgebou jaan. Master Zijlstra hat fan 1 april 1934 ôf haad fan de âlde skoalle west. Syn ôfskied falt tagelyk mei de iepening fan de nije skoalle. 29 april wie syn lêste skoaldei nei't er op 6 april 65 jier wurden is.

Juf Bosgra hat it ûnderwiis oan de âlde skoalle tsjinne fan 1 maart 1927 oant 30 novimber 1965. Foar har hat der op 30 novimber 1965 yn skoalle in sober ôfskied fan de bern west. Om reden fan sûnens is hja earder mei pensjoen gien. In soad learlingen heucht har strangens fêst noch wol. Reprimandes giene meastal lykop mei in bêste knyp yn earm of ear.

It âld skoalgebou kriget mei yngong fan maaie 1966 ûnder de namme De Wissel ferskate funksjes. Under oare buerthûs anneks jeugdsoas en pjutteboartersplak. Fan 1 desimber 2013 ôf oant de ôfbraak yn 2016 ta, sit der in omrinwinkel yn.

De Wissel 2013: foto Harry J. van Borkulo

Njonken in legere skoalle koe Hurdegaryp al sûnt 1871 in Bewaarskoalle. Dy stie likernôch 50 meter neist de legere skoalle, wêr't no sa'n bytsje De Hof stiet. Yn 1960 waard de Bewaarskoalle ferfongen troch de nije iepenbiere beukerskoalle De Springplank, oan de Bodaanstrjitte.

Op dit plak stiet no it appartemintekompleks It Pompeblêd.

Bewaarskoalle: foto: kolleksje Ids Westra

Alle basisûnderwiis yn Hurdegaryp is sûnt oktober 2010, lykwols noch skaat yn iepenbier en kristlik ûnderwiis, húsfeste yn kindcentrum It Boulân.

Foto: Harry J. van Borkulo

*) Master Gerrit Zijlstra en de skoalstriid
Master Zijlstra hat ferskate maatskiplike funksjes hân. Hy hat achttjin jier lang administrearjend tsjerkfâd fan de Nederlânsk-herfoarme gemeente west. Fan 1933 ôf hat er meastal as skriuwer-ponghâlder yn it bestjoer fan it Nutsdepartemint sitten. Fierder hat er him ek altiten tige ynspand foar de Feriening Folksûnderwiis. Hy wie ek ien fan de grutte striders foar in nije beukerskoalle. Oant 1959 hat er sjongferiening UDI laat as koardirigint. Fierder kaam er tige yn ferset tsjin de oprjochting fan in kristlike skoalle yn it doarp.

Skoalstriid
Yn Hurdegaryp wenje ek minsken mei in ferskillende religieuze achtergrûn. En der binne ek minsken dy't 'neat' binne. Dochs sitte yn 1952 hast alle bern út it doarp byinoar op ien legere skoalle. De iepenbiere skoalle fan master Zijlstra.

Mar ferskillende herfoarme en grifformearde âlden fine lykwols dat kristlike âlden harren bern nei in kristlike skoalle stjoere moatte. De bern fan guon âlden moatte dêrom alle dagen in hiel ein rinne, want de kristlike skoalle stiet yn Tytsjerk. Simmerdeis is in kuier nei skoalle noch wol aardich. Mar yn 'e winter stiet der faak in soad wetter op it sânpaad of is it tige glêd wêrtroch't de bern net op skoalle komme kinne. Der geane ek in tal bern nei kristlike skoallen yn oare oanbuorjende doarpen.

De âlden fan al dy bern besleaten dat der in kristlike skoalle yn it doarp komme moat. Boppedat fine se dat alle oare kristlike âlden harren bern fan de iepenbiere skoalle helje moatte soene om se dan nei de nije kristlike skoalle te stjoeren.

Mar dan hawwe se bûten master Zijlstra rekkene. Hy is ek tsjerkfâd fan de herfoarme tsjerke yn it doarp. It bestjoer fan de Nederlânsk Herfoarme Tsjerke yn Hurdegaryp fynt wol dat kristlike âlden harren bern kristlik opfiede moatte, mar se fine ek dat de iepenbiere skoalle der foar alle bern is.

Dêrtroch ûntstiet der in yn de begjinjierren fyftich in fûle skoalstriid.

Yn it doarp bestiet in ortodokse minderheidsgroep fan herfoarmen, grifformearden en kristlike grifformearden, dy't in eigen kristlike legere skoalle oprjochtsje wol, njonken de al besteande iepenbiere skoalle. Nei't de gemeenteried mei de oprjochting fan de kristlike skoalle op grûn fan de wetlike regels akkoart gien is, hawwe 46 ynwenners fan frijsinnich komôf beswier makke. Se begjinne te prosedearjen sels oant de Kroan ta. Under de beswiermakkers hearre ek master Zijlstra en de herfoarme predikant.

De mei emoasjes laden polemiken meitsje dúdlik wat der op it spul stiet. Hoe stiet de Nederlânsk Herfoarme Tsjerke foar it ûnderwiis oer en yn it bysûnder foar it godstsjinstûnderwiis op de iepenbiere legere skoalle? Kiest dy troch de tsjerkeried te stypjen yn syn ôfwizing fan in te stichtsjen kristlike skoalle foar it iepenbier ûnderwiis? Master Zijlstra is der grutsk op dat de generale synoade fan de Nederlânsk Herfoarme Tsjerke yn 1952 fan betinken is dat men jin oangeande de skoalkar neutraal opstelle moat.

Om op grûn fan de Leger Underwiiswet in oanmerking komme te kinnen foar in jildlike fergoeding, moatte der by it stichtsjen fan de kristlike skoalle, op syn minst 50 learlingen wêze. Mar fan de 61 bern dy't opjûn binne foldogge de njoggen bern dy't yn Tytsjerk nei de kristlike skoalle geane net. Dat jildt ek foar 5 oare bern dy't al mear as in heal jier op oare plakken nei in kristlike skoalle ta gean. Mei it meirekkenjen fan dizze 14 bern giet de Kroan net akkoart. Dêrtroch foldocht it tal learlingen dat nedich is net oan de wetlike easken.

Der is yn dy tiid sprake fan grutte ferdieldheid yn it doarp. Dat uteret him ek yn de klandyzje fan de middenstân. Klanten geane ynienen allinnich noch mar nei de grifformearde bakker, slachter of winkelman, om't dy foar de kristlike skoalle binne. Oft krekt net yn it oare gefal.

Nettsjinsteande alle strideraasje komt de kristlike skoalle der úteinlik dochs. Op 2 septimber 1954 is de offisjele iepening.

Foto: kolleksje Ids Westra

De troch arsjitekt Stiensma ûntwurpen kristlik-nasjonale skoalle is in gehiel wite halskoalle mei twa lokalen fan in sjarmante arsjitektuer. It gebou is ornearre foar in lytse santich bern út de doarpen Hurdegaryp, Ryptsjerk, Tytsjerk, Feanwâldsterwâl, Feanwâlden, Noardburgum en Burgum.

De iepening wurdt ûnder mear bywenne troch tal fan promininte persoanen út it kristlik ûnderwiis. Nei't in pear feiten út de foarskiednis fan dizze skoalle de revu passearre binne, is it wurd oan senator Hendrik Algra. Hy neamt de striid, dy't fierd wurde moast om dizze 283ste kristlike skoalle yn Fryslân te stichtsjen, in ferlingstik fan de skoalstriid dy't in iuw lyn minsken fan deselde begjinsels ferienige.

Yn dy skoalstriid hat yn Fryslân de Dryltser houthanneler Walle Melis Oppedijk (1834-1893), lang in iensume en foaroansteande figuer west. Yn 1866 giet er as iennichst Steatelid fan rjochts yn 'e pleit foar de kristlike skoalle. Yn 1878 langet er kening Willem III persoanlik ien fan de twa portefúljes oer mei dêryn 35.000 hantekens út Fryslân yn it foardiel fan it kristlik ûnderwiis.

Ta in oantinken oan him dy't in tritich jier lang yn it foarste gelid stie, kriget de nije skoalle de namme: Walle Melis Oppedijkschool. En it is in oandwaanlike gedachte, sa seit de hear Algra, dat it gebou aanst iepene wurde sil troch syn pakesizzer, de boargemaster fan Tytsjerksteradiel, Walle Melis Oppedijk van Veen.

De skoalle groeit hurd; mei yngong fan it skoaljier 1959-1960 komt der in tredde lokaal by. De útwreiding giet troch en op 4 april 1974 wurdt sels in nije skoalle oan de Easter Omwei iepene: De Hendrik Algraschool.

Krektlyk as it iepenbier basisûnderwiis, is ek al it kristlik basisûnderwiis hjoed-de-dei húsfeste yn kindcentrum It Boulân.

© HJvB 06-2021

Hurdegaryp

Er zijn in Hurdegaryp veel instellingen en verenigingen die zich op de een of andere manier inzetten om het wonen in Hurdegaryp aantrekkelijk te maken. U kunt hierbij denken aan de sportverenigingen, de oud-papier-inzamelcommissie, de speel-o-theek, het dorpshuis "it Maskelyn", enz. Tot de verenigingen die zich in willen zetten voor het dorp, behoort ook de Vereniging voor Dorpsbelangen. Al meer dan 100 jaar heeft de Vereniging maar één doelstelling, namelijk het bevorderen van de leefbaarheid in Hurdegaryp.

©2021 hurdegaryp.nl