Understeande tekst is ek te lêzen op:
www.hurdegaryp.nl - knop DORPSBELANGEN en dêrnei de knop Extra info lessenaars.
foto: pghurdegaryp.nl
Skiednis
De alderearste tsjerke dy't yn de geskriften neamd wurdt stie op in plak yn it gebiet de Warren, in gebiet lizzend t'en suden fan Hurdegaryp. Ek wol Gaestmabuorren neamd. Op in âlde lânkaart wurdt in Groustins toand, ek wol Grovestins neamd en dat hold yn dat der in haadling wenne. In haadling wie in hege ôffurdige fan ien fan 'e protte kleasters dy't Fryslân yn dy tiid ryk wie. Yn Gaestmabuorren stie in achttal buorkerijen en der wiene dan ek in achttal stimberjochtigen. Stimberjochtigd waard men as men grûn besiet en dus grûnbelesting betelle, ek wol floreenplichtich neamd. De groustins fan Gaestmabuorren waard boud om 1398 hinne en waard yn 1829 troch brân ferwoaste. It leit foar de hân dat hjir ea it âldste part fan Hurdegaryp lein hat. De grinzen fan Hurdegaryp rûnen fan de Wide Ie oant de grins fan Burgum ta en dêrwei nei it noarden oan Feanwâldsterwâl ta en dan nei it westen oant healweis it Mûzeryd en dan wer nei it suden by Tytsjerk en Suwâld del nei de Wide Ie.
De eardere tsjerke fan Hurdegaryp stie oant 1711 op it linker eilantsje fan it hjoeddeiske Koopmansboskje (iisbaanterrein).
Beskriuwing hjoeddeiske tsjerke
De saneamde sealtsjerke út 1711 is boud troch master-timmerman Eilef Jehannes út Wyns. Dit is noch te lêzen op 'e tinkstien boppe de yngong. Oan beide kanten fan dizze tinkstien lizze fjouwer ynmitsele wapenstiennen en ek yn de rûnbôge boppe de yngong binne wapenstiennen ynmitsele mei de nammen fan tsjerkfâden en doarpskommittearden.
De hiele doar is oan de bûtenkant mei grutte spikers beslein as beskerming tsjin de bilen fan mooglike ynkringers.
De oanbesteging hie wol wat fuotten yn 'e grûn. It bestek fan de nij te bouwen tsjerke waard makke troch Pijter Jansen. Hy makke it bestek nei't er earst in besite oan de tsjerke fan Feanwâlden te brocht hie.
De tsjerke soe yn earste ynstânsje boud wurde foar ƒ 4.999,-. Dizze ynskriuwing waard letter troch de hearen Beernt Siouwcs en Johannes Jans Snoeck mei ƒ 500,- en letter nochris mei ƒ 30,- ferlege, en dus waard de tsjerke op it lêst boud foar ƒ 4.469,-.
Tinkstiennen
foto: pghurdegaryp.nl
De bouwer hat boppe de yngong fan de tsjerke in tinkstien mei wapens sette litten dêr't er û.o. "gesterkt met sijn huissfrou (stipe troch syn frou) Trijntes Gerrits aenneemer fan dit wurk" neamde.
Fierder is der de fermelding dat er "Mr.(meester) Timmerman en houtkooper te Wyns en bouwer fan deese kerk" is. Hy hat dizze stien nei de bou oan de tsjerke skonken.
Fierder binne der boppe de yngong tinkstiennen mei ôfbyldingen fan famyljewapens ynmitsele as oantinken oan de beslútfoarmers dy't de tsjerke bouwe lieten. It hawwe beslissingen west fan en troch foaroansteande famyljes, dy't ynfloed hiene en it fansels goed dwaan koene.
Grêfstiennen
foto: pghurdegaryp.nl
Yn it ramt fan de restauraasje yn 1981 waard ûnder de flier in grêfstien fûn. It giet om it grêfmonumint ta neitins oan de pake en beppe fan Watze van Roorda fan memmekant, Wolphaert van Lezaen en van Genoveva Rataller. Hja wiene ein 16de begjin 17de iuw de bewenners fan it Galeslot. De stien leit yn it liturgysk sintrum en wie earder rûnom fersierd mei in protte famyljewapens.
Spitigernôch waard de stien ûnder de Frânske oerhearsking ôfgryslik fernield. Alle byltenissen fan de famyljewapens binne der mei beitels likernôch ôfslein. Wol is yn it râneskrift noch te lêzen op wa't dit monumint slacht. Dizze bysûndere fraaie stien is destiids meinommen út de âlde tsjerke oan de Simmerdyk.
As we de skiednis ynstappe dan wie der yn Hurdegaryp eins mar ien famylje dy't fan adel wie en belutsen wie by it tsjerklik libben. Dat wie de famylje Van Roorda. Jonkhear Watze fan Roorda ferstoar op 8 april 1670 en wie noch mar 41 jier. Hy wie frijfeint en hie gjin bern. Hy waard yn de âlde tsjerke begroeven. Ta neitins oan him is doe in grutte monumintale grêfstien mei de famyljewapens derop makke en yn de âlde tsjerke oan de Simmerdyk pleatst. Boppe beide famyljewapens stiet in helmteken. Dizze moaie grêfstien is by de bou fan de nije tsjerke yn de foartsjerke pleatst.
Preekstoel
foto: pghurdegaryp.nl
De preekstoel hat in yn it each springende en moaie rynsk fersierde kûpe. Dizze preekstoel of kânsel, ek 'houten broek' neamd, hat in lange skiednis. Om 1668 hinne hat de Ljouwerter byldhouwer/houtsnijer Focke Idses dizze preekstoel makke nei Italiaanske styl. De preekstoel is yn it hjoeddeiske tsjerkegebou op it tradisjonele plak ophongen; oan de súdmuorre tusken de beide finsters.
De kânsel bestiet út in kânseltrep mei smei-izeren stek dat oergiet yn hout en dêrnei yn in soarte fan oerloop mei in doarke, foar't men yn de kûpe komme kin. Fierder sjocht men in klankboerd dat troch in rêchboerd ferbûn wurdt mei de kûpe. Dit rêchboerd is fersierd mei sierlik houtsnijwurk en hat in bewurke rozet mei draachknop foar de steek, of de predikantebaret. De fiifhoekige kûpe mei kânselrâne dêr't in sânglês en in kateder opset binne, bestiet út fiif tige fraai en royaal fersierde útsniene iken panielen. Dêr is ien in foarstelling út it Alde Testamint fan en fjouwer út it Nije Testamint, dy't de symboalen fan de fjouwer evangelisten foarstelle. Al dizze panielen wurde toand tusken twa pilasters mei in Korintysk kapiteel.
De Roordabank
foto: pghurdegaryp.nl
De earder neamde Watze van Roorda hat dizze famyljebank yn de eardere tsjerke oan de Simmerdyk sette litten en sa syn fêste plak yn dy tsjerke kocht. Neffens keunsthistoarikus J.C. Kalker waard it wapen makke troch Focke Idses, dy't ek de panielen yn de kûpe fan 'e preekstoel snien hat. Dizze hearebank mei famyljewapen, waard yn 1668 makke en is yn 1711 ek mei ferhuze nei de hjoeddeiske tsjerke.
Boppe de efterste rige sitplakken is de oerkaping mei famyljewapen. Dat wiene de sitplakken foar de adel en de net-oerkape sitplakken dêrfoar wiene foar it personiel.
Oarspronklik wie de bank in omskot dêr't stuollen yn set waarden, letter waarden der banken yn makke. Boppe-op de oerkaping stiet it kroande famyljewapen droegen troch twa ienhoarnen, rynsk fersierd mei slingers, rozetten en fisken. Yn 2003 hat de hear L.J.M. Riksma it wapen restaurearre.
De Bennemabank of Regentenbank
foto: pghurdegaryp.nl
De bank waard makke yn opdracht fan Gerardus Fortuyn (1633-1713). Hy wie oant 1713 eigener en bewenner fan Bennema State. De bank waard destiids yn de âlde tsjerke pleatst en ferhuze yn 1711 ek mei nei de nije. De bank bestiet út twa parten, dêr't it efterste diel fan oerkape is. Oan de bopperâne is sierlik houtsnijwurk mei blêdmotiven oanbrocht. De Korintyske pylders dy't de oerkaping stypje, binne mei omheech slingerjende wynranken mei druvetrossen útsnien.
Dizze bysûndere bank waard yn 1879 ferkocht oan in partikulier. Letter waard er wer trochferkocht oan mr. Age Looxma Ypeij fan Swarteweisein. Nei syn ferstjerren kaam de hearebank yn behear fan de reginten fan de Stichting Op Toutenburg te Swarteweisein. Fan dy tiid ôf wurdt de bank ek wol "Regintebank" neamd.
Lang om let kaam de hearebank yn it besit fan de tsjerke en hat de tsjerkeried dêr in hiel skoft syn fêste plak yn hân. By de restauraasje fan 1981 moast de bank romte meitsje troch de ferpleatsing fan it oargel. De bank is fia de Stichting Alde Fryske Tsjerken, ferhuze nei de tsjerke fan Feinsum. De houten bollen mei útsnien sierwurk, dy't boppe-op de hoeken fan de oerkaping sieten, kamen yn it plak fan de twa bylden op 'e sydtuorren fan it oargel.
Sitplakken
Hjoed-de-dei binne de sitplakken yn de tsjerke frij en kin elkenien sitten gean, dêr't hy of sy wol. Dat hat net altyd sa west. Yn it foarste plak wiene der eartiids aparte banken foar froulju en manlju. Fierder wiene guon banken eigendom fan bepaalde persoanen en ynstânsjes en as lêste waarden de oare plakken alle jierren ferhierd. De moaiste plakken brochten it measte jild op. Yn it notuleboek fan de tsjerkfâdij is de neikommende opmerking te finen: 9 maart 1944. "Wat oer it eigen plak yn de tsjerke. De regintebank en in stikmannich oare sitplakken binne net yn it besit fan de tsjerke. De notabelen freegje of net besocht wurde kin it eigendom werom te winnen of eventueel te keapjen, sadat it begryp fan eigen sitplakken safolle mooglik ferdwynt en alles wer eigendom fan de tsjerke is. Gewoanwei sille dizze eigendomsrjochten oergean op de erfgenamten."
Dêrút kin men de konklúzje lûke dat men fan de "eigen sitplakken" ôf woe. Fierders dielde de Stichting Op Toutenburg yn 1956 mei, "dat hja ophâlde mei it ynfoarderjen fan de sitplakkehier fan de bank yn de tsjerke dy't eigendom is. It eigendomsrjocht bliuwt lykwols ûnfermindere fan krêft."
Yn de notulen fan de gearkomste fan de tsjerkeried fan 7 maaie 1962 wurdt ferslach dien fan de diskusje oer it ferhieren fan sitplakken en oft dit yn dizze tiid noch wol nedich en winsklik is. Presidint-tsjerkfâd De Vries dielt mei dat de sittingsdei foar plakferhier dy't altyd foar Pinkster holden wurdt, neffens it oardiel fan de tsjerkfâden tenei net mear holden wurde moat. It makket neat út en it is better gjin fêste plakken te hawwen mei it each op de besite fan de tsjerketsjinsten. Fan dat stuit ôf is de kar fan sitplakken frij.
Oargel
foto: pghurdegaryp.nl
Foar't der sprake wie fan in oargel yn 'e tsjerke, wie de skoalmaster of koster foarsjonger yn de tsjinsten. Yn de maitiid fan 1878 joegen de leden fan de Herfoarme Gemeente te kennen dat se graach in oargel yn 'e tsjerke hawwe woene, "ta opfleuring fan de iepenbiere godsferearing" en "as begelieding fan it sjongen yn 'e tsjerke."
De tsjerkfâden joegen gehoar oan dy winsk. Troch ƒ 600,- út it legaat fan mr. U.H. Wielinga Huber, eigener fan ûnder oare Bennema State, koene de tsjerkfâden in oargel bestelle by de firma Petrus van Oeckelen en Zonen, oargelmakkers, yn Harendermolen (Glimmen).
Yn de hjerst fan 1879 waard it oargel boppe de yngong, wat no de galerij is, boud. De tsjerkfâdij kaam noch wat jild te koart en liende ƒ 850,- fan de diakony. Alle jierren soe foar 1 oktober ƒ 100,- ôflost wurde oant it folsleine bedrach werombetelle wie. Op 30 novimber 1879 waard it nije oargel yn 'e moarnstsjinst "plechtich oan syn bestimming wijd". Ds. Van Loenen spruts nei oanlieding fan psalm 150 oer de wearde fan oargelmuzyk yn de protestantske godstsjinstoefening. De oargelmakkers wiene der yn dizze tsjinst ek by.
Al mear as hûndert jier is it oargel yn ûnderhâld by de famylje Bakker & Timmenga út Ljouwert. It oargel waard en wurdt alle jierren stimd en neisjoen. Yn 1905 waard it front fan it oargel restaurearre. Yn 1951 waard it oargel op fersyk fan de tsjerkfâdij troch de oargelkommisje fan de Nederlânske Herfoarme tsjerke ûndersocht. De kosten fan de restauraasje waarden rûsd op ƒ 4.000,-. Spitigernôch wiene de finânsjes foar de restauraasje net tarikkend, sadat it net trochgean soe.
Yn 1967 waard it oargel troch W. Yedema en H.P. Dam restaurearre. Nei dizze restauraasje gongen der stimmen op om it oargel ferfange te litten troch in "elektroanysk begeliedingsynstrumint". Troch de positive befiningen fan dirigint en toankeunstner P. Post en Bakker & Timmenga waard besletten om it oargel folslein te restaurearjen en út te wreidzjen mei in mikstuer. Yn 1981 waard de tsjerke restaurearre en ferhuze it oargel fan de west- nei de eastkant fan de tsjerke. Dit om mear sitplakken te meitsjen. By dizze restauraasje waarden de twa bylden, dy't op it oargel stiene, ferfongen troch de bollen, dy't boppe op 'e regintebank stiene. De bylden ferhuzen nei Stichting Alde Fryske Tsjerken en kamen terjochte yn de tsjerke fan Feinsum.
Yn 2003 waard besletten om it houtwurk oan te pakken. Foar de hear L.J.M. Riksma wie dit de earste grutte opdracht as restaurateur fan tsjerklike keunst. De houtwjirm waard ferwidere. Wat stikken wie waard makke en der waarden kleuren oanbrocht. It goud is echt blêdgoud en waard mei krektens oanbrocht op de ûnderskate ûnderdielen.
Yn 2015, wie der ek in renovaasje fan it oargel nedich. Yn it tsjerkeblêd kaam doe it folgjende berjocht: "Koartlyn is it Van Oeckelenoargel út De Hoftsjerke oan de Ryksstrjitwei demontearre. Dit oargel, boud yn 1879, is al in kearmannich yngreven restaurearre mar nei tsientallen jierren waard it wer tiid foar ûnderhâld. Oargelmakkerij Bakker en Timmenga hat sawat it hiele oargel demontearre en meinommen nei harren wurkpleats. Op de frontpipen nei binne alle pipen no yn de wurkpleats fan it bedriuw. In grut part fan it houtwurk is dêr no en wurdt foar safier't it nedich is reparearre om it oargel sa orizjineel mooglik te hâlden.
Allinne as it net oars kin wurdt der nij makke. Dat bart lykwols inkeldris. Yn it oargel sitte in protte lytse houten ûnderdielen dy't echt ien foar ien 'troch de hannen moatte'. Doe't dit Van Oeckelenoargel boud waard, waard dat fansels noch mei de hân mei in soarte fan hefboom betsjinne mar letter is der ek yn it oargel in elektryske wynfoarsjenning pleatst. De pûster is fan in nij lear foarsjoen om't bliken die dat it lear oan ferfanging ta wie. In pear oare ûnderdielen binne ek ferfong.
Freedtejûn 13 septimber 2015 is it oargel op 'en nij yn gebrûk nommen. Theo Jellema, organist fan 'e Grutte of Jakobinertsjerke yn Ljouwert, hat yn trije muzikale blokken it oargel foar de oanwêzigen ynspile. Hy hat de skiednis fan it oargel ferteld. Bert Yedema fan Bakker en Timmenga hat útlein wat der allegearre restaurearre is. Dêrnei hat de foarsitter fan de oargelkommisje op symboalyske wize it oargel wer oerdroegen oan de tsjerkrintmasters, troch twa lytse oargelpypkes yn in yn goud spuite doaske, te oerlangjen oan de foarsitter fan it Kolleezje fan tsjerkrintmasters. Dêrmei kaam (foarearst) in ein oan in skiednis fan restauraasjes.
Namme
De tsjerke kriget op 6 maart 2004 de namme "Hofkerk". Doe giene herfoarme en grifformeard Hurdegaryp*) echt 'Samen op Weg' as Protestantse Gemeente Hurdegaryp.
De tsjerke is in ryksmonumint.
*) Grifformeard Hurdegaryp: fan timmerwurkpleats nei tsjerke
Yn oansluting op de iepening fan de kristlike W.M. Oppedijkschool op 2 septimber 1954 folge op 19 july 1959 de stichting fan in grifformearde tsjerke. Yn de fyftiger jierren groeide de grifformearde mienskip yn it doarp stadich mar wis. Dêrneist ûntwikkele it doarp him yn dy tiid hieltyd mear ta forinzeplak fan Ljouwert. Sa waarden der yn dy tiid bygelyks sechstich 'vliegenierswenningen' boud. Boppedat kamen der yn Hurdegaryp yn dy tiid 400 wenten by . It ûntwikkelingsplan foar it doarp gie op syn minst út op in ferdûbeling fan it tal ynwenners fan fjouwer oant likernôch fiiftûzen Dêrûnder wiene fansels ek de nedige grifformearden, sadat it stichtsjen fan in eigen grifformearde tsjerke hiel wol ferantwurde achte waard.
Oant dy tiid hearden de grifformearden dy't yn Hurdegaryp wennen ta de grifformearde tsjerken fan Noardburgum, Suwâld, Burgum of Feanwâldsterwâl Ryptsjerk, dat ûnder de groeiende tsjerke fan Oentsjerk foel, kaam by de tsjerke fan Hurdegaryp. Sa telde de jonge gemeente in pear moanne nei de stichting al likernôch 350 leden.
In timmerwurkpleats as tsjerke
Men woe sa gau mooglik in 'echte' tsjerke bouwe. As foarriedich ûnderkommen waard it hûs, mei dêr achter in timmerwurkpleats, fan oannimmer Durk Dillema oan de Stasjonswei 7 kocht. De wurkpleats waard ferboud ta 'needtsjerke' mei 160 sitplakken. Hjir tsjerken net allinne de grifformearden út Hurdegaryp, mar ek dy út Ryptsjerk en Tytsjerk.
Op snein 19 july 1959, waarden de ferkeazen âlderlingen en diakens ûnder in grifformearde tsjerketsjinst yn 'e herfoarme tsjerke fan Hurdegaryp, yn it amt befêstige. Hjirtroch waard de grifformearde tsjerke yn wêzen oprjochte. De herfoarme tsjerke wie foar dit barren fergees ôfstien. In goed teken dat de jierren earder troch de 'skoalstriid' fersteurde ferhâldingen yn it doarp wer in hiel ein oerbettere wiene.
Op snein 26 july 1959 waard de earste tsjerketsjinst oan de Stasjonswei hâlden. Foargonger wie ds. F.J. Scholten fan Easterein (Teksel). Hy wie fan 1946 oant 1950 grifformeard predikant yn Oentsjerk.
De earste dûmnys
Der wie dus in needtsjerke, mar der moast fansels ek in dûmny komme. Oant 1961 tsjinne Ds .J.D. Kruithof fan Noardburgum twa gemeenten. De earste eigen dûmny wie ds. G. van der Veere fan Harmelen. Hy waard op 21 july 1963 yn it amt befêstige. Hy stie oant 4 augustus 1968 yn Hurdegaryp en gie doe nei de grifformearde tsjerke te Wezep.
In nije tsjerke
Underwylst moast der foar de needtsjerke oan de Stasjonswei in oare oplossing komme. In folslein nije tsjerke. Der wie ûnderwilens al in stik grûn fan 2000 m² oan de Swagermanstrjitte kocht. De nije grifformearde tsjerke waard op freed 23 desimber 1960 yn gebrûk nommen. In simpel mar effektyf gebou. Troch de wike waard it ferhierd oan de kristlike beukerskoalle om op dy wize oan ynkomsten te kommen.
Yngeande ferbouwing
De tsjerke groeide yn de jierren 60 en 70 goed troch. Der waarden nijbouwiken boud en ek grifformearde tsjerkeleden út Ryptsjerk, en Tytsjerk setten harren yn Hurdegaryp te wenjen. Dêrtroch waard besletten ta it fergrutsjen fan it tsjerkegebou ta tsjerklik sintrum en boppedat moast der in nije pastorij komme. Doe't it nije tsjerklik sintrum yn 1967 klear wie krige it de namme 'Perspectief'. Dat omdat it evangeelje de minske perspektyf biedt foar de takomst. It bleau lykwols net by de yngripende ferbou en útwreiding want yn 1971 waard neist Perspectief in kosterswenning boud.
Op 'e nij útwreiding en ferbou
Yn 1979 hie de tsjerke al likernôch 1500 leden. De grifformearden dy't yn Ryptsjerk en Tytsjerk wennen, mar yn Hurdegaryp tsjerken, besleaten tenei wer yn harren eigen wenplak nei tsjerke te gean. Dit yn ferbân mei it dêr op gong kommen fan it "Samen-op-Wegproces" mei de herfoarme gemeente. Dat soarge fansels foar in delgong fan it ledetal, mar ek dat dêrtroch mar ien moarnstsjinst holden hoegde te wurden. Dochs die bliken dat de tsjerkeseal te lyts wie en ferlet fan útwreiding en fernijing.
Dêrmei waard yn septimber 1982 begûn. Yn de tiid fan de ferbouwing waarden de tsjerketsjinsten yn it doarpshûs De Schalmei hâlden. Op 27 april 1983 kriget it nije tsjerkegebou de tapaslike namme "Nij Perspectief". De nije tsjerkeseal telde goed 550 sitplakken.
Yn 2012 ûntstiene der plannen foar in yngripende renovaasje en ferbouwing. 10 jannewaris 2015 is de weriepening.
© HJvB 06-2021 - Boarne fan guon teksten: www.pghurdegaryp.nl + www.gereformeerdekerken.info