Understeande tekst is ek te lêzen op:
www.hurdegaryp.nl - knop DORPSBELANGEN en dêrnei de knop Extra info lessenaars.

Skiednis
Yn 1479 ferkeapet Folka Wytiaz lân by Tytsjerk, neamd toe Gela slaet. Dit is de earste skriftlike fermelding fan dit lângoed.

By de Alde Wei (Suwâldsterdyk) del tusken Hurdegaryp en Tytsjerk, lei yn 1718, neffens de kaart fan Schotanus en Halma, in stinswier. Faaks mei dy as in foargonger fan it hûs Galeslot sjoen wurde. Yn de 16de iuw waard hjir in hearehûs stichte, dat nei alle gedachten eigendom wie fan de amtnersfamylje Rataller. Galeslot soe in soartgelikense eftergrûn hawwe as it oanbuorjende Toutenburg op Swarteweisein ûnder Ryptsjerk.

Tusken 1531 en 1543 is Jeroen van Rataller eigener. Hy is yn dy jierren grytman fan Tytsjerksteradiel en wurdt opfolge troch Johan van Rataller (†1590), dy't fan 1549 oant 1584 grytman is. Dy syn dochter Genoveva ervet Galeslot fan him. Hja trout mei Wolphaert fan Lezaen, dy't har heit yn 1584 opfolget as grytman. Sawol Genoveva as Wolphaert binne yn Hurdegaryp begroeven.

It pear hat ien neikommeling: harren dochter Ida van Lezaen. Sy trout yn 1613 mei Sabe Jans van Wissema en yn 1628 mei Johan Watzes Roorda, wêrtroch't Galeslot yn hannen komt fan de aadlike famylje Van Roorda en mooglik de namme Roorda State kriget.

Yn 1639 makket Ida van Lezaen har testamint op, dêr't hja as erfgenamt fan Galeslot yn folchoarder yn oanwiist: Watze fan Roorda (har jongste soan), Duco Sabinus van Wissema (soan út har earste houlik) en de âldste fan har bern of bernsbern mei de namme Jan of Ida. Nei de dea fan Ida yn 1648 en de dea fan Johan yn 1657 ervet harren soan Watze van Roorda "de kostelycke zate ende landen, bestaende in een huisinge, schuyre, hovinge, bomen ende plantagie Gaeleslot genoemd". Galeslot wurdt yn 1664 neamd as wichtige eigenerfde State.

Yn 1670 stjert Watze sûnder bern. Hy wurdt krektlyk as syn pake en beppe, Wolphaert en Ida van Lezaen, yn 'e tsjerke oan de Simmerdyk begroeven. It wie dizze Watze van Roorda, dy't de famyljebank yn 'e foarige tsjerke pleatse liet en sa syn fêste plak yn 'e tsjerke kocht. Dizze hearebank mei famyljewapen, waard om ende by 1668 makke en is yn 1711 mei oergien nei de hjoeddeiske tsjerke. Nei de dea fan Watze ferervet op de State op Duco Sabinus van Wissema, in soan út it earste houlik fan Ida van Lezaen, mei Sabe Jans van Wissema. Hy is troud mei Frau Bockesdr Burmania. Hja stjerre respektyflik yn 1678 en 1680, wêrnei't de State ferervet op harren âldste dochter Ida van Wissema, yn oerienstimming mei it testamint fan Ida van Lezaen.

Op de kaart fan Schotanus út 1685 komme we de State tsjin ûnder de namme Gaal Slot en dêr fuortby wurdt in Vogel Kooy (einekoai) oanjûn. De grêften om it hûs binne goed te werkennen. De hjoeddeiske strjitnammen Gaelekamp, Koaikamp en Einekoai ferwize nei it terrein (kamp).

Jacobus Stellingwerf, tekening fan Roorda State (1723). Dizze ôfbylding kin it Galeslot wêze.
foto: www.stinseninfriesland.nl

As it terrein yn 1706 ferkocht wurdt oan de famylje Reitsma, binne de gebouwen út de 16de iuw al lang ferdwûn. Yn de 18de iuw feroaret de State yn in pleats. Dizze pleats, alteast it wenhûs, is nei 1750 op 'e nij opboud. De grêft om it Galeslot hinne is oant hjoed-de-dei ta bewarre bleaun. Ut it argyf docht bliken dat Gielt Claassen Reitsma yn 1828 eigener is en Gerrit Gjalts Reitsma yn 1832.

De skuorre fan de pleats wurdt yn 1902 ôfbrutsen. It wenhûs bliuwt stean en wurdt yn twa parten opdield: Hoeksterpaed 9 en 11. De Reitsma's ferhúzje, nei de pleats oan de Ryksstrjitwei 24. Op dit terrein stiet sûnt 1961 it hûs fan arsjitekt Abe Bonnema (1926-2001). Fan 1706 oant 1963 binne de Reitsma's eigener fan Galeslot. De strjitnamme Reitsmaweg ferwiist nei dizze ynfloedrike famylje.

Fan 1936 ôf wennet de famylje Sibma op Hoeksterpaed 9. Op nûmer 11 wennet de famylje Dijkstra fan 1936 oant 1952. Fan 1952 ôf wennet de famylje Lindeboom op dit adres. De oare helten fan Theunis Sibma (1904-1976) en Reinder Lindeboom (1909-1982) binne susters: Jacoba (1909-1988) en Tryntsje de Jong (1911-1994). Tryntsje Lindeboom-de Jong is de lêste bewenster fan it âlde Galeslot. Hja ferhuzet op 23 febrewaris 1989 nei in âldereinwenning oan de Sinderhôven 188.

Yn 1963 wurdt it terrein mei opstallen troch de famylje Reitsma ferkocht oan de gemeente Tytsjerksteradiel ûnder it folgjende betingst: "Het huidige landschappelijke karakter van het onroerend goed…, bestaande uit een woonhuizinge met erf en tuin, omzoomd door een gracht met houtgewas, als één geheel te zullen handhaven, met dien verstande, dat herbouw, uitbreiding of verbouwing van het woonhuis, rekening houdende met de dan geldende wooneisen, zal zijn toegestaan."

boarne: gemeente-argyf Tytsjerksteradiel

Op de jûn fan Goed Freed 24 maart 1989 brânt it útwenne en fertutearze pân ôf. De grutte linebeam uterst rjochts efter it hûs, nei alle gedachten plante nei de sloop fan de stâl yn 1902, is ek troch de brân skansearre, mar hat oant no ta noch proastich oerein, krektlyk as de leilinebeammen foar it hûs en de hulstbeam links ûnder yn 'e hoeke.

Nei de brân skriuwt de gemeente in wedstriid út foar bebouwing en ynrjochting fan it terrein. De foarkar giet út nei fernijende arsjitektuer, passend by it monumintale karakter fan it lângoed. De winners fan de wedstriid binne de hjoeddeiske bewenners.

Gealeslot 1973 - foto: Harry J. van Borkulo

De namme Galeslot

De earste fermelding fan it lângoed, ûnder de namme Gela Slaet, datearret út 1479. Yn de keapakte fan 1688 hat it terrein de namme Galeslot. Yn oarkonden, eigendomsakten en op plattegrûnen komme ûnder oare de neikommende nammen foar: Gelaslaet, Gheellesloet, Gaalsloot, Gaal Slot, Galeslot, Gaeleslot, Gealeslot.

Oer it komôf fan de namme besteane ferskillende teoryen. Troch in fermelding yn 1543, witte we dat Gheellesloet oan de westkant grinze oan de grinssleat tusken Hurdegaryp en Tytsjerk en/of Ryptsjerk. In oare mooglikheid is dat de santjinde-iuwske bewenners Van Lezaen harren residinsje yn Hurdegaryp ferneamden nei harren eardere besit yn de Utertske Fechtstreek, dêr't de namme Galesloot in soad foarkomt.

Ek foar de betsjutting fan de namme binne ûnderskate mooglikheden. De namme Galeslot kin ôflaat wêze fan sleat of slot.

  • Gaal betsjut lytse ferheging. It slot stie op in sânrêch.
  • Gale betsjut slikerich wetter. In sânige, giele sleat rûn by de residinsje del.
  • Geal(l)e betsjut 'nachtegaal'. It kin ek in jongesnamme wêze.

Tiidline eigeners / bewenners Galeslot

1479   Gela slaet wurdt ferkocht troch Folka Wytiaz.
1511   It Galeslot wurdt net oanslein foar grûnbelesting, want der is gjin sprake fan lânbesit.
1531 - 1543   Hieronijmus (Jeroen) van Rataller is eigener.
1590   Johan van Rataller, ferstjert.
Syn dochter Genoveva van Rataller († 5 maart 1625) ervet Galeslot. Hja trout mei Wolphaert van Lezaen († 29 maaie 1610). Wolphaert en Genoveva krije ien bern, harren dochter Ida. 
Ein 16de iuw    Wolphaert van Lezaen en syn frou Genoveva bouwe Galeslot en sette harren dêr nei wenjen.
1625   Ida van Lezaen, harren dochter, wurdt eigenaresse.
1613 Ida trout mei Sabinus van Wissema. Ut dit houlik komme op syn minst 4 bern: Wolphaert, Jan, Lucia en Duco.
1628 Ida trout mei Johan Watzes van Roorda (Jan).
1629 berte Watze van Roorda (Valerius). 
1639  

Ida wiist yn har testamint as erfgenamt fan Galeslot yn folchoarder oan:

  1. Watze van Roorda, har jongste soan;
  2. Duco Sabinus van Wissema;
  3. De âldste fan de bern of bernsbern mei de namme Jan of Ida.
1648   Ida van Lezaen ferstjert.
april 1657   Johan van Roorda ferstjert oan oermjittich drankgebrûk. Watze van Roorda ervet Galeslot en wurdt grytman fan Rearderhiem.
8 april 1670   Watze van Roorda (jonker) ferstjert, 41 jier âld, frijfeint en sûnder bern. Hy wurdt yn de âlde tsjerke begroeven. As neitins oan him is in monumintale grêfstien mei famyljewapens makke en yn de âlde tsjerke oan de Simmerdyk pleatst. Boppe alle beide famyljewapens stiet in helmteken. Dizze moaie grêfstien is by de bou fan de nije tsjerke yn 1711 oerbrocht en pleatst yn de foartsjerke oan de Ryksstrjiwei 54.
Duco Sabinus van Wissema ervet Galeslot. Na syn dea ervet Ida van Wissema Galeslot, yn oerienstimming mei punt 2 en 3 út it testamint fan Ida van Lezaen.
1688   Ida van Wissema, widdo fan Gellius Wybrandus van Jongestal ferkeapet Galeslot oan Geiske Freerx, widdo fan keapman Poulus Stonebrinck. Beide froulju wenje yn Ljouwert. Ferkeappriis: 7.300 gûne, ynklusyf tsjerkestoel en fûgelkoai. It is in "adelijcke sathe".
21 juny 1706   Hendrica Stonebrinck, dochter fan Geiske Freerx en Poulus Stonebrinck, ferkeapet Galeslot oan Giolt Clases Reitsma en Trijntie Gerryts (oare staveringen fan de nammen komme ek foar). Ferkeappriis: 8.650 gûne. 
1706 - 1963   Familie Reitsma is eigener fan Galeslot.
1711   De grûnbelesting beskôget it lângoed as "slot".
1723   Jacobus Stellingwerf makket de tekening fan Roorda State te Hurdegaryp.
1759 - 1805   It lângoed wurdt beskreaun as "heere-huizinge". 
1805 - 1810   It âlde slot wurdt ferfong troch nijbou, besteande út in pleats mei in foarhûs.
1828   Gielt Claassen Reitsma wurdt as eigener neamd.
1832   Gerrit Gjalts Reitsma wurdt as eigener neamd.
1902   De skuorre dy't by de pleats heart, wurdt ôfbrutsen. De famylje Reitsma ferfart nei de pleats op it adres Ryksstrjitwei 24. De Reitsma's ferpartsje it bewennerspart yn twaen. Links wennet de famylje Sibma, rjochts wennet de famylje Lindeboom.
1963   De famylje Reitsma ferkeapet it lângoed oan de gemeente Tytsjerksteradiel.
1989   De lêste bewenster, Trijntje Lindeboom-de Jong, ferlit it Galeslot op 23 febrewaris. It hûs wurdt troch brân ferwoaste op 'e jûn fan Goed Freed 24 maart. 
1990   De gemeente skriuwt in arsjitektuerpriisfraach út foar wenning en tún. De winners dêrfan binne de hjoeddeiske bewenners.

© HJvB 06-2021

foto: Marian Hulshof

Hurdegaryp

Er zijn in Hurdegaryp veel instellingen en verenigingen die zich op de een of andere manier inzetten om het wonen in Hurdegaryp aantrekkelijk te maken. U kunt hierbij denken aan de sportverenigingen, de oud-papier-inzamelcommissie, het dorpshuis "it Maskelyn", enz. Tot de verenigingen die zich in willen zetten voor het dorp, behoort ook de Vereniging voor Dorpsbelangen. Al meer dan 100 jaar heeft de Vereniging maar één doelstelling, namelijk het bevorderen van de leefbaarheid in Hurdegaryp.