Understeande tekst is ek te lêzen op:
www.hurdegaryp.nl - knop DORPSBELANGEN en dêrnei de knop Extra info lessenaars.

De offisjele blazoenearring is yn it Frysk as folget:
Yn read in swarte peal mei in sulveren seame; oer alles hinne in snuorre jachthoarn fan goud. De heraldyske kleuren binne: kiel (read), sabel (swart), sulver en goud.

Symbolyk
Swarte peal: stiet foar de Swarte Wei (Swarte Wei).
Reade fjilden: ûntliend oan in kertier fan it wapen fan Tytsjerksteradiel. Jachthoarn: ek oernommen út it wapen fan Tytsjerksteradiel.

Yn de heraldyk is in wapen of blazoen in meastal symboalyske foarstelling op in (wapen)skyld, eventueel útwreide mei ien of mear attributen út de saneamde skylddekking, lykas in helm, in kroan, ien of mear skyldhâlders, in motto en in wa-pentinte, wapenmantel of dekkleed. In wapen wurdt brûkt as kenteken fan persoanen, famyljes en organisaasjes. De oarsprong leit yn 'e midsiuwske feodaliteit. Mei 'wapen' waard yn it Middelnederlânsk it hiele útris fan in ridder oantsjut. Yn de 16de iuw begûnen de betsjuttingen fan wapen as skyld en wapen as gefjochtswapen útinoar te rinnen. It heraldyske wapen fynt syn oarsprong yn it wapenskyld. Tradisjoneel waard in wapen op it skyld droegen. It lêzen fan in wapen neamt men blazoenearjen. It wapenrjocht regelet it fieren of it brûken fan in wapen.

George Schenck van Toutenburg (1480-1540) stichtet om ende by 1525 it bûten Toutenburg tusken de doarpen Ryptsjerk en Tytsjerk. Om maklik en fluch reizgje te kinnen tusken syn lânhûs en Ljouwert, de sit fan syn regear, lit er tusken 1528 en 1531 in dyk oanlizze; de Swarte Wei neamd. It noch altyd besteande krúspunt Swarteweisein docht dêr noch oan tinken. Krektlyk as Swarteweisein de namme fan de dyk dy't fan it krúspunt ôf nei Tytsjerk rint.

George Schenck van Toutenburg is yn dy tiid steedhâlder fan Fryslân, Grinslân, Drinte en Oerisel.

Yn 1830 wurdt de Swartewei trochlutsen as ryksstrjitwei nei Grins. Hurdegaryp wurdt dan in halteplak fan de postkoets. It offisjele doarpswapen is dan ek in koperen posthoarn, op in read-swarte-reade eftergrûn, fertikaal skieden troch twa tinne wite streken.

Om 1850 hinne is de yn 1830 oanleine strjitwei fan Ljouwert nei Grins ta de iennige ferhurde wei yn de gemeente Tytsjerksteradiel. Dêrtroch wreidet de wenningbou yn Hurdegaryp him út sterk yn de foarm fan rinteniershuzen, filla’s en hearepleatsen.

Troch it oanlizzen fan de spoarferbining tusken Ljouwert en Grins yn 1866, kriget Hurdegaryp ek in halte en in stasjon. Dêrtroch is de meast karakteristike bebouwing yn de kom fan Hurdegaryp no noch te sjen by de Ryksstrjitwei en de Stasjonswei del. De tunen dy't der by hearre binne yn guon gefallen oanlein nei in ûntwerp fan de ferneamde Hurdegariper túnarsjitekt Gerrit Vlaskamp *).

It saneamde Stationskwartier dêr't dit ynformaasjepaniel yn pleatst is ek foar it grutste part ynspirearre op de lânskipsstyl dy't Vlaskamp yn syn tunen en parken tapaste. Dit is û.o. te sjen oan de foarm en it trasee fan de spoarûndertrochgong. Syn orizjinele hantekening - G(errit) L(ambertus) Vlaskamp - is op de beide sydkanten fan it spoarfiadukt set.

Yn 2020 is op fersyk fan de Vereniging Voor Dorpsbelangen Hurdegaryp it blomkeunstwurk Wapen fan Hurdegaryp oanlein. It is ûntwurpen en oanlein troch pleatslik túnûntwerper Eliza Janse. It bestiet út goed 800 blombollen en fêste planten yn de kleuren en de foarm fan it doarpswapen wat yn 'e maitiid te sjen is as alle planten en blombollen yn folle bloei steane.

It keunstwurk is oanlein yn it ramt fan it projekt Kansen In Kernen. KIK is in gearwurkingsferbân tusken de provinsje Fryslân en de gemeenten Tytsjerksteradiel en Dantumadiel, mei û.o. as doel de rekonstruksje fan de Ryksstrjitwei yn Hurdegaryp.


Foto: Wikipedia

*) Gerrit Lambertus Vlaskamp berne te Dokkum op 1 jannewaris 1834 as soan fan kweker fan beammen en oanlizzer fan tunen Lambertus Vlaskamp (1807-1854) en Antje Eilderts Klaver (1807-1869).

De Vlaskampen wiene al generaasjes lang hovenier, se komme fan oarsprong út Varsseveld by Doetinchem. Twa bruorren, Lambart, berne yn 1746 en Arent, berne yn 1751, sochten harren lok yn it Westland. Dêr stiene mear as 100 bûtens fan begoedige lju, dy't tunen nei de nijste moade hawwe woene.

Doe't Lambart, de oerpake fan Gerrit, 26 jier âld wie, ferfear er fan Rijswijk nei Waaksens yn Noardeast-Fryslân. Dêr stie de state Tjessens, dêr't de famylje Van Harinxma thoe Slooten wenne.

Yn Rijswijk wennen ek Van Harinxma thoe Slootens. Der wurdt oannommen dat Lambart troch famyljebannen yn Waaksens telâne kaam. Broer Arent is yn Delft belâne en hy is ek 26, as er syn broer yn 1777 efternei reizget nei Waaksens. It wie nei alle gedachten de bedoeling dat Arent syn broer opfolgje soe, want se hawwe tegearre ien jier op state Tjessens wurke.
(Op 31 oktober 2019 binne der twa hameiepealllen set dy't de eardere opreed fan de state Tjessens oanjouwe. It hiele terrein fan de terp en eardere state is in archeologysk ryksmonumint.)

Yn 1778 ferhuzet Lambart nei it tichteby lizzende Harsta State yn Hegebeintum, in âlde state, dy't al yn 1511 neamd wurdt. Arent is ambisjeus, hy hat mar twa jier op state Tjessens wurke. Yn novimber 1779 giet er as túnbaas nei Kingma State yn Sweins by Frjentsjer. Hast trije jier letter, op 5 juny 1782, wurdt er beneamd ta hortulanus fan de Universiteit fan Frjentsjer. De hortulanus is de behearder fan de wittenskiplike plantetún. Hy sil dêr bliuwe oant yn 1811. Doe waard de universiteit op befel fan Napoleon opheft. Lambart bliuwt yn it noarden fan Fryslân, yn 1782 begjint er in hoveniersbedriuw yn Holwert.

Syn pakesizzer Lambertus (1807-1854) stichtet in beamkwekerij yn Rinsumageast.

Groninger courant 29-09-1848 & 06-10-1848 & 13-10-1848

Dêneist leit er tunen oan. As de rûnom bekende túnûntwerper Lucas Pieters Roodbaard (Rolde 20-01-1782 - Ljouwert 23-05-1851) âlder wurdt, nimt Lambertus syn wurk oer. Sa is it grutste part fan Fogelsangh State yn Feankleaster fan 'e hân fan Lambertus. Roodbaard wurke yn Fryslân, Grinslân en Drinte. Hy makke mear as 50 ûntwerpen foar bygelyks parken en tunen by bûtens. Bekende wurken fan syn hân yn de neiste omkriten fan Hurdegaryp binne: de Prinsetún te Ljouwert, de tún fan it Poptaslot yn Marsum, Vijversburg yn Swarteweisein/Tytsjerk, Stania State yn Oentsjerk, de Klinze yn Aldtsjerk en Fogelsangh State yn Feankleaster. Roodbaard is begroeven op de troch him sels ûntwurpen Stadsbegraafplaats fan Ljouwert.

Nei it ferstjerren fan Roodbaard yn 1851, set Lambertus Vlaskamp in advertinsje om him "oan te rekommandearjen ta it oanlizzen fan bûtens en tunen, en ek ta it meitsjen fan plannen of teekeningen. Kin bewizen fan saakkundichheid leverje en seit in goede betsjinning ta." It giet lykwols by de berch del mei Lambertus. Yn 1854 gong it op 'e kop ferkeard, hy kaam as swalker yn Feanhuzen telâne en is dêr al nei trije moannen op 46-jierrige leeftiid ferstoarn troch de goalera epidemy. Yn dat jier 444 stoaren minsken yn Feanhuzen.

Syn frou Antje wie flak foar de opname fan Lambertus yn Feanhuzen, ferhuze nei Hurdegaryp. Se bleau oer mei acht bern.

De âldste soan Gerrit, wie 20 doe't syn heit kaam te ferstjerren. Hy stie foar de taak om de kost te fertsjinjen foar syn mem en syn sân bruorren en susters. Hy wurke al gear mei syn heit, hy naam de tried op en sette fuortdaliks in advertinsje. It gie winliken daliks goed, want dêrnei hat er net wer in advertinsje sette litten.

Advertinsje Groninger Courant, (1 augustus 1854), boarne: Koninklijke Bibliotheek

Fan it tiidrek 1854-1861 is amper wat oer Gerrit bekend. Ut de 'Grootboeken' fan beamkwekerij Bosgra út Burgum, dy't fan 1861 ôf bewarre binne, docht bliken dat er mear as 350 tunen en parken yn it noarden fan Nederlân oanlein hat.

De earste tunen, dy't Gerrit Vlaskamp makke, binne fan ûngefear 160 jier lyn.

IYn de 19de iuw kaam ek yn Fryslân de lânskipsstyl yn 'e moade. Al yn 1804 hat hortulanus Arent Vlaskamp in Ingelske tún oanlein by Schatzenburg yn Dronryp. De bruorren Arent en Lambart wiene yn 'e kunde kommen mei de nije túnstyl doe't se op 'e grutte bûtens yn it Westland wurken dêr't de Ingelske lânskipsstyl yntrodusearre waard.

Gardeneske tuinstijl
Gerrit Vlaskamp wie de smaakbepalende hovenier en túnûntwerper fan de twadde helte fan de njoggentjinde iuw. Syn kliïntêle wie breder as dy fan Roodbaard. De grutte fraach nei suvelprodukten en yn it bysûnder nei Fryske bûter, liet de Fryske ekonomy opbloeie. Foar de boeren brutsen gouden tiden oan en dat lieten se graach sjen. De tsjerken wiene troch de hege hieren ek ryk. Rintenierjende boeren, tsjerkfâden, begoedige boargers yn doarp en stêd lieten grutte neoklassisistyske huzen bouwe. Dêr moast fansels in moaie tún by oanlein wurde. De tunen wiene fansels net sa grut as dy by de aadlike bûtens mar se waarden dochs ôflaat fan de ûntwerpen fan de Ingelske lânskipsstyl, de saneamde gardeneske styl. It wiene romantyske tunen mei slingerjende paden en ferspraat yn it gers blomperken, fivers, in heuveltsje mei in prieel of beam, fierder bysûndere beammen en moaie iepeningen.

Fryslân hat noch in pear doarpen dêr't in tal Vlaskamptunen 'klustere' yn foarkomt. Mantgum is dêr faaks wol it moaiste foarbyld fan. Yn 1871 krige de herfoarme pastorij in Vlaskamptún. It jier dêrop bestelden trije fan de seis tsjerkfâden út it doarp ek in 'Vlaskamp'. Uteinlik hat er yn it doarp mar leafst 12 tunen oanlein. Dizze 'klustering' fan tunen mei deselde foarmen, waard dêrmei byldbepalend foar it hiele doarp. Parkeftige tunen mei solitêre beammen, groepkes strûken en blomperken yn it gers, al of net mei fruchtbeammen. Dat de measte tunen it net oant hjoed-de-dei úthâlden hawwe sil dúdlik wêze, mar dochs is der yn it doarp noch altyd de sfear fan 'âld grien'.

Yn it Wilhelminapark yn Snits steane noch in soad aparte beammen út de tiid fan Vlaskamp. Yn 1897 waard Vlaskamp troch de fâden fan it Old Burger Weeshuis frege in ûntwerp te meitsjen foar in nij oan te lizzen Volkspark. It tal wezen sakke oan de ein fan de iuw en de fâden besleaten jild beskikber te stellen oan doelen dy’t in bydrage leverje soene oan it wolwêzen fan de hiele Snitser mienskip. Nei it plantsjen fan in linebeam yn 1898 ta gelegenheid fan de ynhuldiging fan keninginne Wilhelmina, waard de namme Wilhelminapark. Krekt in iuw letter, yn 1998, krige it park de status fan ryksmonumint. Nei it Vondelpark yn Amsterdam, it 2de publike park yn Nederlân wat dizze status krige.

Vlaskamp liet syn parken en tunen oanlizze troch hoveniers, mar begelate it proses aktyf. Hy wenne sels faak tydlik op lokaasje.

Aly van der Mark begjint mei har ûndersyk
Yn 2009 begjint âld-doarpsgenoate Aly van der Mark in ûndersyk nei it libben fan Gerrit Lambertus Vlaskamp. Har man, Ids Westra, is in soan fan Wijbe Gabes Westra. Hy hie in kwekerij oan de Stasjonswei 30. Dy kwekerij is yn 1896 stichte troch Gabe Wijbes Westra, de pake fan Ids. Gabe's mem wie Jitske Vlaskamp, de jongste suster fan Gerrit. Hy wie dus in âldomke fan Ids. Aly en Ids wennen oant foar in pear jier yn it âlderlik hûs fan Ids.

Doe't Aly begûn mei har ûndersyk wie der amper wat oer Gerrit Vlaskamp bekend. Wol wie yn de famylje bekend dat er de Wilhelminaparken yn Grou en Snits en it Westerpark (Vosseparkje) yn Ljouwert ûntwurpen hat. Oant Aly in tal jierren ferlyn tipt waard troch Philippus Breuker.

In bysûndere fynst
Breuker is âld-heechlearaar Fryske taal en letterkunde, mar boppe-al kenner fan de Fryske skiednis. Hy fertelde Aly oer de administraasje fan Boomkwekerij Bosgra ("Boomkweekerij Iephof"). Yn 'e dagen fan Vlaskamp fêstige yn Burgum. De kwekerij wie op it terrein tusken it adres Skoalstrjitte 99 en "Singelland Burgum". Hjir stiet no it appartemintekompleks "Iephof". Fanwegen it útdrûgjen fan 'e grûn waard de kwekerij yn de jierren tachtich fan de foarige iuw ferpleatst nei Twizel/ Bûtenpost.

Yn de boeken fan Bosgra fûn Aly bestellingen fan Vlaskamp. Meast foar tunen fan minsken fan kwizekwânsje. Al gau waard dúdlik dat de âldomke fan Ids folle mear ûntwurpen en oanlizze litten hie as tocht.

Foar safier't oant no ta bekend binne der mar 11 tekeningen fan Vlaskamps hân bewarre bleaun. Ien dêrfan leit yn it gemeente-argyf fan de gemeente Tytsjerksteradiel yn Burgum. It giet om it ûntwerp fan de tún fan it eardere gemeentehûs fan Tytsjerksteradiel.

Op it plak dêr't oant 2017 de ABN AMRO Bank oan de Noordersingel 5 stie, is no in plein. It Jonkheer Hobbe Baerdt van Sminiaplein. Hjir stie ienris de Sminia State. Hobbe Baerdt van Sminia liet noch foar't er grytman fan Tytsjerksteradiel waard, dizze state yn 1770 bouwe. Hy wie grytman yn in drege tiid. Oant de komst fan de Frânske besetters yn 1795 bleau er grytman, mar dêrnei waard er ôfset. Letter waard er opfolge troch syn soan Willem Livius en dêrnei troch syn pakesizzer jonker Hobbe Baerdt van Sminia. Dy wie grytman fan 1823 oant 1851 en dêrnei oant syn dea yn 1858, de earste boargemaster fan Tytsjerksteradiel.

It lettere Van Sminiahuis die fan 1892 ôf tsjinst as gemeentehûs. Yn 1935 waard it ôfbrutsen om plak te meitsjen foar it trochlûken fan de Noordersingel.

De tún fan it Van Sminiahuis wie in ûntwerp fan Gerrit Vlaskamp. It iennichste wat dêr no noch oan tinken docht is de mânske reade bûkebeam, dy't noch altyd oan de Noordersingel stiet.

Tekening: gemeente-argyf Tytsjerksteradiel

Oan it plein sil yn 2021 úteinset wurde mei de bou fan twa appartemintekompleksen mei ûnderoan hoareka- of detailhannel. It tredde kompleks komt oan de Tsjibbe Geartsstrjitte. Der komme mei-inoar 30 oant 35 apparteminten ferdield oer de trije gebouwen mei de namme De Drie van Sminia: De Edelman, De Koopman en De Werkman.

De firma Bosgra
De firma Bosgra hat de administraasje fan 1860 ôf bewarre. Ut de fraai ynbûne boeken op folioformaat docht bliken dat Gerrit Vlaskamp goed 350 tunen en parken yn it noarden fan ús lân ûntwurpen hat. Sa'n 320 tunen yn Fryslân, 32 yn Grinslân en 2 yn Drinte.

Yn de boeken stiet altyd de opdrachtjouwer en dejinge dy't de tún oanlein hat, folge troch de plantlist. Hy hat foar de elite fan Fryslân en Grinslân tunen ûntwurpen. Foar de adel, notabelen en grutte boeren. In soad is ferdwûn, mar der is ek in soad bewarre bleaun. En alles wat der noch stiet, is monumint. Dat fariearret fan folsleine doarpsgesichten, lykas yn Mantgum en Warffum, oant monumintale beammen. Faak in reade bûkebeam, in plataan, bysûndere kastanjes , treurwylgen en treuresken.
De administraasje fan de firma Bosgra is tige wiidweidich, alle beammen dy't ferkocht binne, steane opskreaun. Fan alle tunen binne de plantlisten bewarre bleaun.

De boeken fan de firma Bosgra, binne skonken oan Tresoar yn Ljouwert. 'It bewarplak fan de skiednis fan Fryslân'. De boeken kinne dêr bestudearre wurde.

Syn tunen
Yn de hjerst fan 2011 wurdt it Kenniscentrum Landschap fan de Ryksuniversiteit Grins troch Landschapsbeheer Friesland frege om de Fryske en Grinslanner tunen fan Vlaskamp te ynventarisearjen op basis fan de weromfûne bestellisten yn 'e kasboeken fan de beamkwekerij De Iephof fan Bosgra en it tariedende ûndersyk fan Aly. Net allinnich wurdt harren frege om in ynventarisaasje te dwaan, mar ek oft der op basis fan dy ynventarisaasje wat te sizzen falt oer de spesifike skaaimerken fan in Vlaskamptûn.
Septimber 2013 bringt Anne Wolf fan de RUG mei bydragen fan Stieneke van der Wal en Ietse-Jan Stokroos ferslach út:
Vlaskamptuinen in Friesland en Groningen.
Inventarisatierapport van parken en tuinen van Gerrit Vlaskamp

It Kenniscentrum Landschap fan de Ryksuniversiteit Grins stelt dat noch 34% fan de Vlaskamptunen as sadanich werkenber is.

Vlaskamp hold tige fan kleurtsjinstellingen en nije, eksoatyske planten. Hy hat yn 79 doarpen en stêden yn Fryslân en yn 16 doarpen en stêden yn Grinslân syn spoaren neilitten. Yn Hurdegaryp steane oan de Ryksstrjitwei noch ferskate monumintale (bûke)beammen dy't allegearre tusken 1860 en 1880 op advys fan Vlaskamp plante binne.

Gerrit Vlaskamp bleau frijfeint. Hy wenne oan de Ryksstrjitwei wat no nûmere is as 145. Vlaskamp ferstoar op 12 juny 1906 op 72-jierrige leeftiid yn Hurdegaryp.

Wenhûs Gerrit Vlaskamp, Ryksstrjitwei 145 - foto: kolleksje Ids Westra

Renovaasje histoaryske tún Bennema State
Foar't de Sintrale As en de Noarder Omwei yn 2016 iepene waarden, wie it tige drok yn 'e buorren fan Hurdegaryp. Troch de iepening fan dy nije diken sakke it tal ferkearsbewegingen lykwols grandioas. Fan 20.000 nei om ende by 2000 yn in tiidrek fan 24 oeren. It is dêr dus no tige rêstich. Foar wen-soarchkompleks Bennema State, ûnderdiel fan Noorderbreedte, betsjutte dat de wei stil wurde soe en dêr seach men kânsen om it kompleks fan bûten in nije útstrieling te jaan. Om't de tún yn de ôfrûne jierren fertutearze wie, waard besletten om de tún te renovearjen en dêrby de âlde histoarje fan Gerrit Vlaskamp yn werom te bringen.

Yn gearwurking mei studinten fan it Nordwin College, Niemand aan de Zijlijn, Vrienden van Bennema State, en de ynbring fan lânskipsarsjitekte Els van der Weijde en Aly van der Mark is der in kreatyf ûntwerp ûntstien en ta útfiering brocht. It ferline fan dizze tún bliuwt yn in nij jaske fuortbestean.

Kânsen yn Kearnen (KIK)
Yn it ramt fan Kânsen yn Kearnen, in mienskiplik programma fan de provinsje Fryslân en de gemeenten Dantumadiel en Tytsjerksteradiel foar de werynrjochting fan de seis doarpen nei oanlis fan de Sintrale As, kriget it Stationskwartier Hurdegaryp in griene en eigentiidske útstrieling ynspirearre op de ideeën fan Gerrit Vlaskamp.

Vlaskamptunnel Hurdegaryp iepen
De spoarûndertrochgong yn de Ryksstrjitwei yn Hurdegaryp is op tiisdei 5 novimber 2019 offisjeel iepene. Yn it ramt fan dy plechtichheid binne de lêste 2 tegeltsjes mei respektyflik de tekst: IEPENING en 5-11-19 op 'e wand fan 'e tunnel set. De tunnel wie in winsk fan it doarp om't der in soad foar it spoar wachte wurde moast. ProRail woe ek wol fan de drokke spoaroergong ôf. Njonken de ûndertrochgong is in fyts- anneks kuierbrêge oanlein, wêrtroch't de skoaljeugd fan it nije Tjalling Koopmans College (SvPO) en oare reizgers fan it stasjon ôf de ferkearsdyk net hoege oer te stekken. Fan 14 desimber 2020 ôf rydt der in ekstra sneltrein tusken Ljouwert en Grins. Dat betsjut dat der 4 stoptreinen en 4 sneltreinen yn 'e oere boppe de Ryksstrjitwei del ride.

Ideeën Vlaskamp yn de tunnel
Deputearre Avine Fokkens sette ien fan de lêste tegeltsjes. Ik bin tige grutsk. It is in hiele moaie tunnel en ik bin ek bliid dat er neamd is nei in ferneamd túnarsjitekt; Gerrit Vlaskamp. Syn ideeën, in soad grien en in soad slingers, sjochst ek hiel goed werom yn it tegelwurk yn 'e tunnel, sei hja by de iepening.

De keramyske tegels binne bakt troch de Keninklike Tichelaar B.V. yn Makkum. De tunnel is alhiel yn Vlaskamps styl makke. Dêr is syn Ingelske lânskipsstyl dúdlik yn te werkennen. Syn orizjinele hantekening is op de beide sydkanten fan it spoarfiadukt set.

Floeiende, rûne linen
Gerrit Vlaskamp waard bekend om de floeiende, rûne linen yn syn park- en túnûntwerpen. Next Architects út Amsterdam hat dy styl goed weromkomme litten yn it tunnelûntwerp. It stelt in grien mingd lânskip foar, ôfwiksele mei krêmkleurige kuierpaden en blauwe fivers.

Pittige útdaging
De Gerrit Vlaskamptunnel betsjutte technysk in pittige útdaging foar Maciej en syn mannen leit Maciej Truszkowski út. Mei syn Poalske lânsman en kompanjon Dawid Maksymow is er eigener fan DMT Group. "Sjoch mar ris om dy hinne: allinne mar skeane en rûne tunnelwanden, dy't ek noch ris efteroerhingje. Dêrtroch moasten wy de stegers op fiif meter hichte ek oanpasse om boppe-oan de tegels sette en foegje te kinnen. De iennichste rjochte line yn it wurk is de boppekant fan de tunnelwanden. Wy hawwe op dit projekt de tegels dan ek set fan boppen nei ûnderen yn stee fan oarsom, wat gebrûklik is. En ûnder hiene we in soad snijwurk troch de ôfrinnende tunnelwanden."

De ûndertrochgong is 150 meter lang. Yn trije moanne tiid ferlime DMT Group hjir 570 m² spesjaal foar dit projekt bakte en mei de hân foarme Tichelaar-tegels yn. De goed 40.000 glazuere tegels fan 21,5 x 6,5 sm kreas yn kisten útstald op it wurk, fergen gâns fan it fakmanskip fan de tegelsetters. Om it ûntwerp goed yn te foljen, kwa maatfiering en op mingde kleurnuânses, wie ien man by de kisten oan ien tried wei dwaande mei it selektearjen fan 'e tegels ta sets fan 300. Dy brocht er dêrnei nei de fiif tegelsetters yn de tunnel, dy't dêrtroch sels gjin wurk mear hiene fan it útsykjen.

De ûndertrochgong en it spoarfiadukt waarden boud troch Heijmans Civiel Projekten, yn opdracht fan ProRail en de provinsje Fryslân en hat 15,5 miljoen euro koste.


In lytse greep út de neislachwurken en documintêres oer Gerrit Vlaskamp

Gerrit Vlaskamp, een vergeten tuinarchitect
2010 - Auteur Aly van der Mark. Uitgave: Stad en Lande Groningen, nr. 1, 2010.

Doe't wy yn 1976 op de kwekerij fan de famylje fan myn man yn Hurdegaryp kamen te wenjen, hie ik net tinke kinnen dat ik 33 jier letter folslein yn 'e besnijing komme soe fan de skiednis fan dizze túnkersfamylje, dy't yn it noarden fan Nederlân in protte spoaren neilitten hat, net allinne yn Fryslân, mar ek yn Grinslân. De kwekerij is yn 1896 stichte troch Gabe Westra, de pake fan myn man Ids Westra. Gabe's mem wie Jitske Vlaskamp. Jitske's âldste broer wie Gerrit Vlaskamp, hy wie túnarsjitekt."

Het prieel op de heuvel
14 juny 2013 - Aly van der Mark presintearret har boek "Het prieel op de heuvel", oer seis generaasjes Vlaskamp.

De vergeten tuinen van Gerrit Vlaskamp
5 en 6 april 2014 - Het Fries Museum iepenet de útstalling: De vergeten tuinen van Gerrit Vlaskamp.
Yn de útstalling wiene twa projeksjes te sjen dêr't tunen en parken fan Vlaskamp sjen litten waarden. Dy waarden ôfwiksele mei ôfbyldingen fan beammen, strûken en planten, túnsieraden en portretten fan opdrachtjouwers.

It boek mei deselde namme is op 5 april by de offisjele iepening fan de útstalling presintearre.
Auteurs: Alice Booij, Jan Holwerda, Nico Kloppenborg, Kees Kuiken, Yme Kuiper, Frans Leenders, Aly van der Mark, Rita Mulder-Radetzky, Carla S. Oldenburger-Ebbers, Willemieke Ottens, Trudy van Riemsdijk-Zandee, Willem van Riemsdijk en Landschapsbeheer Friesland. Utjouwer: Ernst Bruinsma / Afûk - 2014.

Twadielige dokumintêre Omrop Fryslân oer Gerrit Vlaskamp
April 2014. Fryslân Dok stjoert de dokumintêres: "De Vergeten tuinen van Gerrit Vlaskamp", út.

Fia ûndersteande links binne dizze dokumintêres te besjen op YouTube:

© HJvB 06-2021

Hurdegaryp

Er zijn in Hurdegaryp veel instellingen en verenigingen die zich op de een of andere manier inzetten om het wonen in Hurdegaryp aantrekkelijk te maken. U kunt hierbij denken aan de sportverenigingen, de oud-papier-inzamelcommissie, het dorpshuis "it Maskelyn", enz. Tot de verenigingen die zich in willen zetten voor het dorp, behoort ook de Vereniging voor Dorpsbelangen. Al meer dan 100 jaar heeft de Vereniging maar één doelstelling, namelijk het bevorderen van de leefbaarheid in Hurdegaryp.